It goud yn 'e groun
Der wie ris in âld man, dy lei op stjerren en doe mienden syn soannen, hy koe earne noch wol ris gâns jild efterút ha. Mar hwerre? Hie er it net ris neamd, dat der noch goud yn 'e groun siet? Se stiene om syn bêd en fregen: ‘Hat heit ek noch hwat yn 'e groun forburgen?’ De âld man praette swiermûlich en de siken leine him heech, mar se mienden doch to forstean: ‘It stikje lân efterhûs’.
De man wie amper ûnder de ierde, doe foelen se meiïnoar al gear oer dy hoeke lân. Mei't se net wisten, op hokker ein oft se de skat sykje moasten, hakken se it hielendal mar om. Dêr hiene se oars altyd tsjinoan griisd, hwant der siet in tsjokke plaet felzige groun yn en it lân joech doch net folle. Mar nou setten se de lea der op, se brieken de hurde plaet en se hakken djip. Se founen neat, mar doe't se dat stik neitiid bouden, wie it alderraerst hwat it opbrocht. Dat hie grif it goud west dêr't de heit op doelde.