diamanten ring oan 'e finger. De man, forslein as er wie, ornearre: ‘Dêr haw ik gjin bilang mear by, hja moat se mar mei hawwe’. Sa waerd se byset yn 'e grêfkelder.
De koster dy't yn dy tsjerke tsjinst die, hie dat allegearre wol sjoen en it wie yn syn eagen in griis, dat al dy kostbere sieraden mei yn 'e grêfkelder gongen - der soe noait wer ien minske nei op- of omsjen. Hyltyd moast hy der oan tinke en syn habsucht boaze hwat langer hwat sterker oan. Hy wie der wol mei op 'e hichte, hoe't sa'n grêfkelder ûntsletten wurde moast, dat doe't de nacht oanbrutsen wie sloep hy der hinne, in lampke yn 'e hân en soarge dat hy der yn kaem. Hy stiel har de juwielen om 'e hals wei en soe wer fuort. Mar doe't er it kleed dêr't se ûnder lei opslein hie, skittere dy diamant yn 'e ring oan har finger efkes fel yn it lampljocht. Hy tocht, hwerom sil ik dy ring om 'e finger sitte litte? Dy allinne is in kaptael wurdich, mei sa'n diamant der yn. Doe hy bisykje om de ring ôf to lûken en der wakker mei oan 't toarnen, mar it woe net, de finger wie opset. Hy sei tsjin himsels: Dy hân komt doch wer ûnder it kleed - der is noait ien dy't it sjocht, ala, ik krij it mes en snij de finger der ôf.
Hy lûkt it mes en set it op 'e finger. Mar... springt de deade net omheech! De koster krige sa'n skrik, dat hy bistoar it op datselde stuit en sté. Mar de frou gong op har fuotten stean en roun de iepene grêfkelder út - hja hie skyndea west. Hja die de tsjerkedoar efter har ticht en socht it paed nei hûs. Dêr wiene se freeslik ûntdien, doe't se de deade foar har seagen, mar al gau die bliken, it wie gjin spoek. Hja rekke op bêd, mar it duorre net lang doe wie se de âlde wer. Hja hat neitiid noch bern hawn en forskate jierren libbe.