en dan soe er him ek wol efkes to plak bringe. It wie hwat hommels opkommen, dat de jonge syn komst wie tofoaren net oankundige. De famylje hie him ek noch noait sjoen, en hy de famylje net - och, de reizgerij wie doedestiids net sa great. Syn âlden joegen de jongkeardel in goed kado mei en hy hie ek in flinke bûssint by him.
It deiljocht wie al fan 'e loft, doe't se to Amsterdam oankamen, mar der brânden strjitlantearnen genôch dêr by de haven om. Klaes fan Geart sei: ‘Jonge, nou moatstou hjir mar efkes wachtsje; ik bin der dalik wer en dan sille wy sjen dat wy jim omke-en-dy fine. Se ha net op dy rekkene, dat se sille dy wol net bêdzje kinne; mar dat let neat - wy bliuwe der efkes en dan geane wy togearre werom nei 't skip. Dêr is tonacht wol sliepplak foar ús’. Nou de jongfeint stiet dêr en hy kuijert hwat hinne en wer, mar Geart bleau eigentlik langer wei as er soe. En dêr ynienen, dêr komt in jong frommis op him ta en dy sprekt him oan: ‘Jonge, bistou hjir al?’ Hy sjocht har ris op en del oan en hy seit: ‘Wis en donder bin ik hjirre’. ‘Nou ja, wy hiene dy al earder forwachte’. ‘O ja?’ sei er, ‘wy hiene omke en muoike oars net skreaun, dat ik komme soe’. ‘Nou né, mar dat koene wy hast wol bigripe’. ‘Ja’, sei er, ‘ús mem sei al, myn iennichste suster, en dan fiifentritich jier troud - der moat doch ien fan ús hinne. Mar hwa binne jo?’ Se sei: ‘Dat kinst wol bigripe, ik bin dyn nicht’. Hy wie sa bliid as in protter, dat syn nicht sa'n float en freonlik jong frommis wie, dat hy rekke al gau op 'e tekst en dêr heakke se handich op yn en se fortelde, hoe't se it mei de brulloft ha soene. Ien ding koe de jongkeardel him noch net bigripe - hy frege: ‘Hoe koestou my sa?’ Nou, se sei: ‘Dou likest presys op jim mem - dêr ha we thús in portret fan. Trouwens, ek hast like folle op ús mem. En wy ha leau 'k ek noch wol in bytsje fan inoar, net?’ Se lei him sêft in hân op 'e earm en se lake gutich. Hy foun har sa kreas en sa oanfallich en hy sei in bytsje foringele fan: ‘Ja, dat koe wol’. Se sei: ‘En doe't ik oan dyn praten hearde, datst út Fryslân kaemste, doe wie der by my gjin mis mear op. Jonge, ik bin sa bliid datst der biste. Mar ja, by ús thús ha se it hûs fol minsken, dêr kinst net útfanhûzje. It is ek alhiel oan 'e oare kant fan 'e stêd, it liket my de baes ta, datst fannacht mar by my bliuwste. It is al sa let. Ik wenje hjir flak by en wy kinne dy wol bêdzje’. Hy wie hielendal yn 't geloof en wakker op 't skik dat it allegear sa moai trof. Mar doe't er in eintsje mei har oproun wie, frege er noch al: ‘Mar hoe komt it nou mei Klaes? Dy wit net hwer't ik bleaun bin’. ‘Och’, sei se luftich, ‘dy bigrypt wol datst dy sûnder him rêdden hast’. Hy woe winliken ek net wêze, hoe'n stumper as er yn Amsterdam wie; tagelyk wie it him al hwat yn 'e wei, dat se Klaes net warskôgen, mar hy roun doch mei troch, en nicht soarge wol dat er Klaes gau forgeat.
Earne naem se him mei yn in hûs. Doe kamen se yn in keamer, dêr wie it allegear lúkse. Nicht-en-har kinne it wol dwaen, tocht er by himsels. Hy krige dêr iten en drinken en se sieten noch gesellich hwat to praten. De tiid fleach om, dat it wie al djip yn 'e nacht, doe soe er dan mar op bêd. Der waerd him in sliepkeammerke wiisd en hy klaeide him út. Mar ja, doe hie er forgetten om to pisjen en dêr woe er sa de nacht oer net mei lizzen bliuwe. Dat hy kloppe noch wer by nicht op 'e doar, hwer't er it húske fine koe. O ja! dat hie se hielendal forgetten om to sizzen. Dan moast er dêr en dêr wêze, troch dy doar.
Hy giet troch dy doar hinne en de doar klapt fuortynienen wer yn 't slot. Mar doe't er goed en wol om him hinne seach, doe murk er dat er bûtendoar stie. Ja, hwat moast er? Hy wie der troch in oare doar út rekke as dêr't er troch ynkommen wie. Hy stie yn in nauwe stille sydstrjitte. Hy skuorde de skille der hast út, mar der