Alle wizen lizze yn 't sân
Der wie ris in kening, yn hwaens ryk in slimme hongersneed útbriek. Hy wie noch al oarlochsuchtich en woe, likefolle hwat it oan minskelibbens koste, syn kriichsfolk yn kondysje hâlde. Dat spande der tige om en doe joech er oarder om alle âlde minsken yn it lân to slachtsjen en op to fuorjen oan 'e soldaten. Op it lêst wiene se allegear slachte, op 'e heit fan 'e oerste fan it leger nei. De kening rôp de oerste by him en sei: ‘Jou heit is der noch en dy moat ek slachte wurde’. ‘Jo ha gelyk’, antwurde de oerste, ‘dat sil ek wêze, mar allinne op bitingst dat iksels him slachtsje mei’. De oerste stie bikend as in hurd man, immen dy't ek hurd oer himsels wie. Der hie al hwat gemompel west, dat syn heit as iennichste âlde noch libbe. De kening tocht, hy wol op sa'n manier syn namme grif fan alle blaem suverje. Hy naem it bitingst oan en de oerste gong fuort.
Mar hy forburch syn heit, sette de bosk yn en skeat in wylde baerch. Hy slachte him en joech it fleis oan 'e soldaten. It hiet dat it fan syn heit wie. En dyselde nachts waerd der yn it hiele lân great alarm slein, hwant in leger fan 'e fijân foel it ryk binnen. En hwat se ek ûndernamen en hoe't se har ek to war setten, dat leger teach hyltyd fierder op en op 't lêst wie inkeld de keningsstêd noch mar frij. Under alle legeroanfierders wie gjinien, dy't goede rie yn dizze need jaen koe.
De kening rieplachte syn legeroèrste, mar ek hy wist net, hoe't hy der mei oan moast. Doe sei de kening:
‘Né, alle wizen lizze yn 't sân,
En hwa helpt nou myn lân?’
‘Der is ien dy't jo helpe kin’, sei de oerste, ‘mei ik him hjir bringe? Mar hwat sil syn lean wêze, as er rie skaft?’ De kening antwurde: ‘As jo hjir ien bringe dy't my en myn ryk út dizze binearing helpt, dan wurdt er ûnderkening fan myn lân’. Doe brocht de oerste syn âlde heit by de kening en dy learde him hwat er dwaen moast en hoe't er it leger opstelle moast. De fijân waerd forslein en de kening makke de âld man ûnderkening oer it lân. En fan dy tiid ôf binne de âlden dêr altyd yn eare hâlden, hwant it wiene de wizen fan it lân, ek yn tiden fan oarloch.