Heit en soan
Der wie ris in man, dy syn heit wenne by him yn en dat joech gâns argewaesje. De frou koe der net oer en dy siet tsjin him oan. Hy tocht op 't lêst, dit kin sa net. Wy wolle ús eigen húshâlding ha en ús eigen libben libje: ik bring de âld man nei 't earmhûs.
Underweis rêstten se even op in bank. De âld man krige de bûsdoek, hwant hy skriemde. Doe sei de soan: ‘Ja heit, it bigreatet my ek wol om heit, mar wy ha op 't lêst ús eigen libben ek en it jowt by tiden mar spul yn 'e hûs’. De âlde heit antwurde: ‘Ik gûl net, omdat ik dêrhinne moat. Ik gûl om... Fiifentweintich jier lyn siet ik op dizze selde bank en ik brocht dyn pake fuort. Ik hie der gjin gedachten oer - ik tochte, it is fierwei it bêste dat de âld man mar yn 't earmhûs komt. En dat komt my nou allegear yn 't sin’.
De soan tochte, ja, en binne wy wer safolle jierren fierder, dan is 't mei my sa fier. Dat doe naem er syn heit mar wer mei nei hûs en hy sei: ‘Wy moatte ús allegear hwat skikke en dan sil 't wol gean’.