De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 235]
| |
tocht, as it hwat slagje wol, sil ik dat foske djûr forkeapje. Trochdat se altyd sa efterút hâlden waerd, like se op it earste oansjen mar hwat ûnnoazel, mar dat wie se hyn nochte nei net, boppedat siet der fjûr genôch yn hwat manlju oanbilanget, mar se krige noait in kâns. In jong luitenant fan 'e paleiswacht hie it ynwindich op har foarsjoen en hja hie him ek wol ris oansjoen, mar it bleau by oansjen, hwant se hie altyd in pear âlde hofdames om har hinne en dy pasten op har as de duvel op 'e siel. As der al ris ien wie dy't bisocht om mei har yn omslach to kommen, waerd dat de kening fuortendalik oerbriefke en sa'nien krige in pear dagen selstraf en as 't foar de twadde kear barde, siet er gau yn 't tichthús, hwant dy âlde tangen seagen neat troch de fingers. Sels wiene se oerbleaun en nou gunden se in oar ek neat. Doe't se dat ien kear wisten, gongen alle manlju mei in bocht om 'e prinses hinne. Hjasels wist dat ek wol en se kaem se sadwaende ek net op healwei tomjitte, omdat de manlju it letter doch bilije moatte soene, mar al mei al hie se in aeklik ientoanich libben. Op in kear komt der in koerier fan syn buorkening mei in forsegele brief. De kening hie bûten it offisjele net folle mienskip mei de keninkriken dy't dêr omhinne leine. Hy hie ek al ris mei dit keninkryk yn oarloch west; dêr hie er neat mei opjage en it hie him gâns minsken koste. Mar nou stie yn 'e forsegele brief, dat de kroanprins fan dat neistlizzende lân stie ûnder 'e geboadens en soe dan en dan trouwe en it keninklik pear waerd bean om ta meardere gloarje fan it breidspear op 'e trouwerij oanwêzich to wêzen. Nou, de kening hie der net folle mei op, mar de keninginne sei: ‘Dogge wy it net om der by to wêzen en de lju in deugd to dwaen, dan moatte wy it om ús dochter dwaen. Hwant de kening hat noch in soan, dy't der oan folget, en dy is like âld as hja. As dy twa ris oaninoar slaggen - it is in ryk hûs, en dan wenje de beide bruorren njonken inoarren en der is net folle kâns op wer in oarloch’. De âlde kening liet him omprate, dat se namen de útnoeging oan en de koerier krige in forsegele brief mei werom. Doe't it oan 'e reis ta wie, lieten se de prinses thús en se druiden it de hofdames goed yn: ‘Tink der om, dat der nou gjin bûtensprongen makke wurde’. Nou fandatoangeande koene se mar mei in gerêst hert fan hûs gean, seine de dames. Mar de âlde keninginne hie wol observearre, dat de prinses wol ris nei de manlju glûpeage. Se tocht: men wit der fordeald ek noch neat fan, hwat der barre kin. ‘Nou’, sei de kening, ‘dan moatte we dat even forhelpe’. De prinses wie wend om noait tsjin to praten en to dwaen hwat har folk sei. Dat wie in twadde natuer wurden. Doe seine se tsjin har: ‘Dou moatst ús bilove, ast al by ûngelok mei manlju yn oanreitsing komste, dan moatst op alle fragen dy't se dy dogge “né” sizze’. Nou, de prinses tochte, ik krij doch de kâns net, dat dat kin ik maklik genôch bilove. Se sei: ‘Goed, ik sil op alles wol “né” sizze’. Nou, bêst. De kening en de keninginne wiene gerêst en setten ôf. Yn it oanswettende keninkryk waerden se mei great jûchhei en staesje ynhelle, hwant dêr hiene se yn jierren net west, ek al mei't se dat oarlochje hawn hiene. Nou wie dan alles wer yn 'e bêste harmonij. De prinses kuijere deis wol yn 'e tún om en de luitenant seach wol ris nei har. Dat fornaem se wol, mar fierder gjin nijs. Tafallich hie er ûngemurken op 'e hark stien, doe't de kening mei har bipraten hie, dat se altyd ‘né’ sizze moast. Hy tocht, goed dat ik it wit. Hy seach ris yn 'e paleistún. Hy wist wol, hwer't har sliepkeamer wie; dy lei twa heech. Mar dêr stie in geweldich grouwe boekebeam foar mei tsjokke tûken dy't dêr foar de glêzen lâns rounen. Trochdat er nachts de wacht wol ynspek- | |
[pagina 236]
| |
tearje moast, wist er ek wol, dat de prinses altyd mei in iepen finster sliepte. It wie in linige knaep, dy luitenant, dat doe't alles yn 'e rêst wie, klom hy yn 'e boekebeam en doe kroep er ien fan 'e tsjokke tûken lâns en kaem krekt foar it iepene finster tolânne. Hy meat de ôfstân. Ja, it koe krekt, en hy stapte ta 't finster yn. De prinses sliepte noch net. Se waerd al hwat kjel doe't dêr samar in man troch 't finster stapte. Mar se hie altyd in nachtlampe brânnen, en doe't se seach dat it de luitenant wie, glimke se, mear net. En doe kaem er by har en flústere: ‘Joun’. Dêr sei se neat op werom, hwant se koe net bêst ‘né’ sizze. Doe frege er har: ‘Ha dyn âlden dy forbean om in man op dyn keamer ta to litten?’ ‘Né’, sei de prinses. Dat koe se nei wierheit sizze. De keninginne hie mei de hofdames ôfpraet, dat dy de sliepkeamersdoar fan bûten op slot dwaen soene, dat hja der net út en nimmen der yn komme koe. Dat hjir hiene se net oer prakkesearre. ‘Nou’, frege de luitenant fierder, ‘ha dyn âlden dy dan ek forbean om in jongfeint in tút to jaen?’ ‘Né’, sei de prinses. Hy wist nou hwer't er oan ta wie; hy krûpte har oan en dêr hoegde se neat op to sizzen. ‘Ha dyn âlden dy ek forbean om dy út to klaeijen?’ ‘Né’, sei de prinses en dat dyng se. De luitenant klaeide him ûnderwilens ek út. ‘Ha dyn âlden dy ek forbean om lije to wollen dat ik by dy op bêd krûp?’ ‘Né’, sei de prinses. Doe lei it foar de hân dat er dat ek dyng. Wurden waerden der net mear wiksele, der hoegde ek gjin né sein to wurden. De luitenant moast om middernacht de wacht ôflosse. Doe't er yn 't finster stie, mar foardat er nei de tûke rikte, frege er: ‘As ik de wacht ôflost ha, moat ik dan ûnder stean bliuwe?’ ‘Né’, sei de prinses. Dizze seremoanje hie de nachts noch al ris pleats, mar doe't it bigoun to daegjen, waerd it to noedlik. Dit gong alle nachten sa troch, oant har âlden weromkamen. Doe wie it min to weagjen, omdat de keninginne nachts wol ris by har dochter op 'e keamer seach. Hwant it wie krekt oft se mei de dief oan 't gat roun. De kening en de keninginne wiene optein thúskommen, hwant hwat foar har it earste doel fan 'e reis west hie, wie mar tige slagge. De oare kening en keninginne wiene der tige foar, dat har soan oan de prinses troude. De prins sels út in each fan steatkunde ek wol, mar hy wie foreale op in boeredochter, dy't op ien fan 'e greate pleatsen wenne dy't ta de kroandomeinen hearden. Dêr hie er stikeme forkearing mei, dat hy wie der net bot mei ynnommen, doe't syn âlden him mei dit plan op 'e lea foelen. Hy bearde fan wol, mar ynwindich wie er duvels. Mar, tocht er, komt dei, komt rie. Hy hope dat it in ûnsjogge prinsesse wie, dêr't er net fatsoenlik mei foar 't ljocht komme koe. Dan hie er tominsten in reden om to wegerjen. Mei in wike of seis soe de prins dan oerkomme om syn oansteande kennen to learen. Doe't de prinses fan har âldelju hearde hwat der allegear klearmakke wie, wie it krekt oft de tonger by har ynslein wie. Se hie it op 'e jonge luitenant foarsjoen, hoewol't se dy nou sûnder sprekken foarby gong - allinne mei de eagen hâldden se hwat gedoente. De wiken fleagen om en de dei briek oan dat de prins komme soe. Doe wie de prinses de moarns net al to lekker. De dokter waerd der by roppen, mar dy koe neat fine. Sels hie se mâlle skoan yn 'e rekken hwat der oan skeelde: se hie in strou yn 'e oven. De prins kaem op 'e stelde tiid oan. De kening en de keninginne wiene, nou ja - de kening to ryk. Der wie gjin mis op by har, dat de kwânselarij trochgong. De prins wie toloarsteld, doe't er oan 'e prinses foarsteld waerd, hwant hjir koe er wol mei foar de kreammen lâns en boppedat wie it in float fanke. Net ien om stean to litten. De prinses tochte by har sels, doe't it earste yn 'e kunde kommen efter de | |
[pagina 237]
| |
rêch wie, ús folk hawwe frijhwat fan him opjown, mar ik fyn 't mar in deabidder, dy hiele prins, en it liket my neat om dêr myn libben by to sliten - de prins hie forslein west en se hie him de wurden út 'e hals helje moatten. De âldelju hiene ek wol murken, dat de prins net bot op 'e tried wie, mar se seagen him foar in bytsje bleu oan en dan wende dat fansels wol. Hy wie hoflik en foarkommend, ek tsjin 'e prinses, mar wurden foelen der net folle. De oare moarns wie de prins noch stiller. Soms antwurde er amper, as him hwat frege waerd. Hy seach mar foar him del as siet er djip yn 'e prakkesaesjes. Dat wie fansels ek sa, mar dat koe er min sizze. Hy siet mei twa fuotten yn ien hoas. Tsjin iterstiid stelden de kening en de keninginne foar, hja moasten de middeis togearre mar ris hwat út to hynsteriden, dan koe er ek ris sjen, hoe moai oft de omkriten hjir wiene. Dat namen de prins en de prinses mei beide hannen oan; as se op 't hynder sieten, koene se om har hinne sjen en hoegden se neat to sizzen. Doe't se in ein fan 't paleis wiene, waerd de prins hwat praetsker. Hy tochte by himsels, ik moat sjen dat ik de prinses oan 'e praet krij en har ris útkloarkje, hoe't sy der nou krekt ûnder stiet. Neidat er der earst hwat op om praet hie, frege er planút: ‘Hoe is 't? Bistou hwat ynnommen mei it bislút fan ús âlden om ús meiïnoar trouwe to litten?’ De prinses hâldde har stil. Hy tochte, hwat ik der nou fan tinke moat, wit ik net. Se rieden in eintsje fierder en doe frege de prinses fan har kant: ‘Helpt it hwat, as ik krekt myn miening siz?’ ‘Nou’, sei de prins, ‘dat wit ik net, mar ik woe doch dyn miening witte’. ‘Ja’, sei de prinses, ‘wy as keningsbern sitte der nuver tusken. Wy binne de heechsten fan 't lân en wy ha neat yn to bringen. Der wurdt foar ús bislist en wy wurde net iens rieplachte. As ik bistek op in oarenien ha, dêr wurdt hielendal gjin rekken mei hâlden, tominsten net as dy oare fan legere komôf is. Hwat moat men dan? Ik sil it dy wol earlik sizze: dou bist myn sin net. Ik soe net sizze kinne hwat ik op dy tsjin ha. Dou bist grif in hiel geskikt persoan, ek as kening. Mar ik haw it op in oarenien bigrepen, en as alles útkomt sa't it nou liket en dou en ik wurde twongen om meiïnoar to trouwen, dan wurdstou ramplasant. Ik siz it dy nou mar - ik wol der letter gjin praetsjes wer oer ha, mar ik leau dat der by my hwat skûlet’. De prins wist net hwat er hearde. Hy hie wol heard, dat de prinses altyd biwekke waerd, en nou dit. Hy wie der forstuivere fan, mar tagelyk roun it him as lij wetter yn 'e earen. De prins sei earst neat; de prinses tocht, dit falt him omraek ôf, mooglik hie 'k my mar better stilhâlde kinnen. Mar doe sloech er foar om efkes ôf to stappen en oan 'e kant yn 't gers sitten to gean, dan koene de hynders ek hwat bikomme. De prins siet yn 't gers, de hannen om 'e oplutsene knibbels slein en in djippe tear yn 'e foarholle. De prinses wie tige binijd, hwat der komme soe. Ynienen rjochtet er de rêch en seit: ‘Ik leau, wy passe inoarren krekt. Ik bin der ek net hjit op om mei dy to trouwen. Ik haw al in jier of trije forkearing mei in boeredochter en doe't de âldelju mei dit foarstel kamen, wie it my krekt, oft se my in balstien tsjin 'e kop smieten. Ik prakkesearje der oer om mar yn frjemde kriichstsjinst to gean en myn eigen sin troch to setten. Nou bigrypst tink wol, hwerom't ik by jimmes thús hast neat sei. Ik wie der mei oan. Nou't ik wit, hoestou der oer tinkste, is 't my ek dúdlik hwat ús to dwaen stiet: ús trouwen giet oer, al hoe't ús âlden ek tsjinakselje sille’. De prins koe ynienen de wurden fine en de prinses harke mei binijing nei hwat der fierder allegearre út rôlle, plannen en gjin ein, en ek nei de rieden dy't er joech, hoe't hjasels der it bêste mei oan koe. En dêr wie se it tige mei iens. | |
[pagina 238]
| |
It wie al skimerich, doe't se op it paleis oankamen. Se praetten oeral oer en hiene de measte wille. De âldelju wiene tige op 't skik. De keninginne sei: ‘Nou is it iis brutsen. It is mar goed, dat wy se de bosk yn stjûrd hawwe, hwant nou binne se oan mekoarren wend’. Mar se hie net yn 'e rekken, dat dêr dalje op komme soe. De deimannich dat de prins hjir útfanhûs wie, fleagen om. It die de kening en de keninginne al hwat nij, dat der alhiel gjin oankrûperij en sa by wie mei de jongelju ek net as se togearre yn 'e paleistún wiene, hwant dan gongen se har dwaen en litten stikem nei - se rekken inoar mei gjin finger oan. De deis foardat de prins fuort soe, sei er tsjin 'e prinses: ‘It wie dan doch wol goed, dat wy ek ris mei de luitenant praetten’. ‘Né’, sei de prinses, ‘dêr hoege wy net iens nei to sjen, hwant dan smite se him yn 't kasjot’. ‘Dêr wit ik wol rie op’, sei de prins, ‘ik nim him allinne wol geweken’, en sa die er. Hy klampe him oan en sei: ‘Kom ris in eintsje mei de tún yn, dan kinne we even prate’. Doe't se bûten gehoar wiene, forfette er: ‘Dou kinst nou wol tinke, dat ik mei de prinses trouwe sil, mar dat feest giet oer, hwant sy wol my net ha en ik wol de prinses net ha. It is de baes, ast der tominsten in ûre tuskenút kinste fan 'e middei, datst even op 't hynder dêr en dêr de bosk yn rydste; dêr sitte wy oan 'e kant en dan kinne wy der trijerisom even oer prate, hoe't wy it tonei ha moatte’. De luitenant wie der op 'e stelde tiid en doe makken se har plannen. It soe in taeije sneed wurde, hwant it soe in skandael jaen foar de keningshuzen en de hege adel, as in prins en in prinses sa'n ein ûnder har stân trouden. Nammensto mear, nou't der al hiel oars bisluten wie. Dat lêste wiene de jongelju moai krekt mei op 'e hichte, hwant de prins hie de moarns fan de kening in forsegele brief krige foar syn heit. Doe hie er tsjin 'e prinses sein: ‘Ik woe doch fordealde graech witte, hwat dêryn stiet!’ ‘Nou’, sei de prinses, ‘dat is gjin biswier - dan meitsje wy him iepen’. ‘Mar dat ding is forsegele’. ‘Dat hindert neat’, sei se, ‘ik ha wol lak en ik kin ek wol oan it stimpel komme’. Dat se hiene de brief iepenmakke en doe kamen se der dan efter, dat dizze kening, hár folk, foarstelden om mei in wike of seis it houlik to sluten. Sjoch, de kening - ja, de keninginne ek wol, wie noch altyd tige skruten, dat har dochter dy't se sa koart hâlden hiene, op in goeije kear doch noch in bûtensprong meitsje soe. As it goudfoske in izer forspile, dan wie it aventûr om se foar in dikke priis to forkeapjen fuort. Doe't de prins dan wer thúskaem, wiene syn âldelju tige op 't skik en fan 'e brief dy't er meinommen hie rekken se út 'e skroeven. Nou, de prins bearde ek, dat hy der bêst mei ynnommen wie, mar ynwindich kôke er fansels. De jouns noch ried er nei de boeredochter en lei har de hiele kaert út. Nou, doe sei de boeredochter tsjin him: ‘It liket my de baes ta, dat wy de forkearing mar útmeitsje, hwant ik sjoch wol, dou wurdst doch twongen om mei dy prinses to trouwen’. Doe neamde er itselde hwat er ek al tsjin 'e prinses sein hie, dat er leaver om fierrens gong en har meinaem, mar dêr seach de faem mear biswieren yn as hy, hwant se hiene it altyd mei in kening to rêdden. As dy út nidigens har folk fan 'e pleats stjûrde, stiene se, sa't de tiden doe wiene, op 'e strjitte. It wie har to noedlik. ‘Nou’, sei de prins, ‘wy sille wol ris sjen’. Doe't er by de boeredochter wei kaem, seach er noch ljocht brânnen by syn broer, de kroanprins. Dy wie der wol mei op 'e hichte dat er stikemwei forkearing hie en dat er gjin smucht op 'e prinses hie. Mar hy hie nei de thúskomst noch net mei him praten, hy koe fan miening foroare wêze. Dat de kroanprins wie bliid, dat | |
[pagina 239]
| |
syn broer de kop by him troch de doar stiek. Hy lei him út, hoe't it lân der hinne lei en ek hoe't de prinses der oer tochte. ‘Dit is in minne goai fansels’, sei de kroanprins: ‘As jim inoarren gjinien fan beiden ha wolle, is 't ek net forantwurde dat jim trouwe. Dan libje jim njonken inoarren hinne en elk hâldt it mei in oaren. Mar ik bin der ek net sa bot foar, datst yn frjemde kriichstsjinst gieste, hwant ik kin dy hjir skielk ek skoan brûke. Der is safolle dat iksels net neikomme kin en dou bist mei de saken op 'e hichte. Wy prate moarn wol fierder’. Mar der wie in gelok by in ûngelok. De kening - hy wie al gâns op jierren - hie him tofolle yn 'e tarissing fan de brulloft jown, en krige er yn 'e neinacht net in oerhael! Dêr rûgele er hinne. De dokters seine: ‘Hy komt hjir wol wer fan op, mar it is fierwei de baes dat er him net wer mei de regearingssaken bimuoit, ja nearne net mei, hwant dan is it gau mei him ôfroun’. Doe waerden se dan to riede, hy soe om reden fan sounens ôfstân fan 'e troan dwaen. Der folgen nou greate kroaningsfeesten en sadwaende waerd it houlik fan prins en prinses fan hûs steld. Mar doe't dan de feestlikheden efter de rêch wiene, sei de nije kening tsjin syn broer: ‘Jonge, nou wit ik rie. Us heit die hwat hy woe, mar ik doch nou hwat ik wol en dat woe 'k mei dy biprate’. ‘Hwat hast yn 'e kop?’ frege de prins. ‘Dat sil 'k dy gau forteile. De âlde haedopsichter oer de domeinen kin it spul net mear oan. Nou bin 'k fan doel om de boer, de heit fan de faem dêrstou forkearing mei haste, dy post to jaen’. ‘Mar dat kin net, jonge’, lei syn broer der tsjin yn, ‘yn 'e foarskriften stiet, it moat ien fan hege adel wêze’. ‘Nou, hwat soe dat?’ frege de kening: ‘Ik jow ús âlde haedopsichter pensioen en ik meitsje de boer graef. Dan hat de dochter ek in adellike titel en dou kinst mei har trouwe’. ‘Dêr hie 'k noait op sind’, sei de prins, ‘mar sa kin 't’. By it oare keninklike hûs stie it der hiel oars foar. De kening en de keninginne hiene ek wol murken dat de prinses mei de dei útweakke en harren tocht, se moast mar ris foar 't forhoar. Doe frege de keninginne: ‘Hoe liket dat mei dy - bistou noch wol allinne?’ ‘Né’, sei de prinses. ‘Nou’, sei de kening, ‘dat hoecht gjin biswier to wêzen. Ik sil dalik in koerier nei dat oare keninklik hûs stjûre, nei de nije kening, dat jim sa gau mooglik trouwe’. Mar se fregen der net nei, hoe't de prinses dat skipe hie en dy sei it net. Se namen oan dat der yn 'e bosk hwat foarfallen wie, dat se fregen der net neijer op yn. De koerier kaem mei syn forsegele brief by de nije kening en dy moast wol laitsje doe't er lies hwat der yn stie, hwant hy wist wol hwer't de ein fêst siet. Hy liet him syn broer ek lêze. ‘Hoe moatte wy hjir mei oan?’ frege de prins, ‘wy kinne de prinses sa ek net sitte litte’. ‘Né’, sei de kening, ‘witste hwat, se moat hjir mar komme. En wy forsykje der spesiael om, dat dy luitenant meikomt as bigelieder - dou bist doe mei him yn 'e kunde kommen -, hwant sjoch, oars kostet it him de kraech, sa gau as dizze kleaune him ûntwynt’. Dat in brief mei dat boadskip krige de koerier mei werom; de hofdames waerden ek mei noege. Dit antwurd foel der goed yn. De luitenant waerd ta ritmaster bifoardere en ried oan 't haed fan in eskadron huzaren njonken de koetsen. Se waerden ynhuldige sa't it hearde, de hofdames krigen in plakje yn 't paleis, de liifwacht yn 'e kazerne, op 'e kommandant nei, hwant dy krige ek in keamer yn 't paleis. Doe't it joun wie, kamen de kening, de jonge keninginne, de prins mei de boeredochter en de prinses mei de ritmaster byinoarren. Se bipraetten de saek en gongen akkoart mei hwat de kening útstelde. De hofdames waerden weromstjûrd en | |
[pagina 240]
| |
moasten oerbringe, dat de prinses der bleau en dat de ritmaster fan 'e liifwacht oppakt wie, omdat er gedoente mei de prinses bisocht hie to krijen. Se hiene in luitenant kommandant fan it eskadron makke en dat reizge mei de hofdames werom. De dames hiene it smoar yn, dat se weromstjûrd waerden, mar de kening en de keningin wiene noch folle mear rekke, foaral nou't de nije kening de muoite net iens nommen hie om in forsegele brief to skriuwen. Der gong dan ek dalik in koerier werom, mei wol in forsegele brief, dêr't yn stie dat de prinses en de ritmaster daliks weromstjûrd wurde moasten, hwant it wie better dat se sels dy ritmaster ûnder hannen namen. Nou, de kening en de prins dy laken harren bêst. ‘Hwat wol dy âlde snurk?’ seine se - de ritmaster hie fansels noait gjin kasjot sjoen, mar dat hiene se dy âlde tangen net oan 'e noas hinge. De koerier moast mar efkes tiid dwaen. Hy kaem yn 'e koken en hy waerd let en set. De kening skreau nou in brief, dat de prinses kaem net wer. Hy foege der in útnoeging oan ta foar de trouwerij fan 'e prins mei de gravin dy en dy - it houlik fan 'e prins en de prinses gong nammentlik oer, die er to witten. Dat wiisde mâl, doe't dy brief to plak kaem! De kening wie breinroer en hy mobilisearre fuort in part fan it leger, hwant hy woe mar oanfalle. Mar de generaels seine: ‘Né, blikstiender, dat kin neat wurde, hwant dy oare hat syn leger folle better yn oarder as wy; dat rint op in nederlaech út en dan sitte jo mei de brette parren. It is better en los de saek mar yn 'e diplomatike wei op’. Moai. Dat gong sa hinne. De kening moast it gewurde litte, al hoe't it him tsjin 't krop wie, dat se syn dochter dêr fêsthâldden, hwant dêr kaem it neffens him op del. Der forrounen noch in fjirtjin dagen oer, doe sei de nije kening tsjin de ritmaster en de prinses: ‘Soe it de koartste klap net wêze, dat jim mar trouwe en dan sa gau mooglik?’ ‘Ja’, antwurde de prinses, ‘mar dan moat ik doch earst myn âlden wol om tastimming freegje’. ‘Nou’, sei de kening, ‘dou kinst fan tofoaren wol birekkenje, hwat antwurd ast krijste’. ‘Goed’, sei se, ‘mar foar it fatsoen sil ik it doch mar dwaen’. Doe waerd der wer in koerier hinne stjûrd, diskear wol mei in forsegele brief, en dêr stie yn, se woe, of leaver se moast trouwe mei de ritmaster en nou frege se har om goedkarring, har âlden moasten nammentlik witte, dat se it net fan 'e prins skipe hie, sa't se tochten, mar se hie bûten witten fan 'e hofdames omgong mei de ritmaster hawn yn 'e tiid dat hja nei it oare hof west hiene. It waeide raer op dy hofdames har lân, omdat se net better op har tellen past hiene. Ja, dy hiene to goeder trou west, en dat de breugeman troch it glês kommen wie, stie net yn 'e brief. De âlde kening wie troch it mâlle hinne. Hy skreau in brief, dat er huzaren stjûre soe om syn dochter to heljen; de ritmaster moasten se, fêstboun op syn hynder, ek meifiere en dêr soe hy dan wol mei ôfweve - se koene tusken de rigels troch wol lêze dat er de kop kwyt moast. Nou, sa'n foarútsjoch lokke nimmen oan, de ritmaster sels net en de prinses likemin. De nije kening ornearre: ‘Wy meitsje dy oerste fan dat en dat regimint huzaren, en as 't der oan stiet, kinst ek wol in adellike titel fan my krije’. Nou, dat wie allegearre bêst. De koets, sûnder hofdames diskear, hwant dy hiene it fordoarn, en ûnder bigelieding fan in espel huzaren kaem dêr by it paleis oan. De kening sei tsjin 'e koerier: ‘Dou moatst mar even in dei geduld dwaen, moarn kinst wol werom’. De kening makket in proklamaesje klear, dat de prinses dy en dy (mei de nedige titels der by) stie yn ûndertrou mei de ritmaster dy en dy (hy waerd by syn boargerlike namme neamd) en it houlik soe de oare middeis al sluten wurde. Se trouden, wol yn alle | |
[pagina 241]
| |
staesje, mar sûnder fortoan dat makke nei bûten. De kening liet in ôfskrift fan 'e trou-akte meitsje, dy krige de koerier mei en hy stiek wer ôf nei syn lân; de oare ploech wie al sûnder prinses en sûnder ritmaster thúskommen, en de kening en de keningin wiene foar de safolste kear pûrrazend. En in moanne of hwat letter krigen se tynge, dat der in jonge soan to wrâld kommen wie. Dy droech de foarnammen fan 'e âlde kening, mar syn fan wie in boargerliken-ien en dy lei de âld kening as in stien op 'e mage. De âld keninginne wist net rjocht hwat se wêze soe, lilk of bliid. Mar it duorre in fjirtjin dagen doe skreau de kening in brief werom, dy gong wer mei in koerier ta de doar út, dat de ritmaster wie yn 'e adelstân forheven en hertoch wurden fan dy en dy lânstreek en se waerden forsocht om sa gau mooglik oer to kommen. Dêr wie de prinses earst net sa botte hjit op. Se tochte by harsels, as se ús ienkear to pakken hawwe, kinne se fan alles mei ús útheve, ik stean it net. Mar de jonge kening sei: ‘Dat sille se wol litte. It hiele Hûs stiet op jim. Boppedat, ik sil jim wol safolle fortoan meijaen, dat jim heit de skrik yn 'e skonken sjit’. Hy stjûrde in regimint huzaren mei, en fan 'e bêste artillery, it joech suver opskuor yn dat oare lân. En doe't de kening dat spul seach, de soldaten sa goed oefene en de wapens sa yn 'e es, doe tocht er by himsels, dizzen kin ik mar better út 'e fingers bliuwe. Miskien hie er ek wol gjin kwea mear yn 't sin hawn mei syn skoansoan; yn alle gefallen, dy waerd ynhuldige as hertoch, der gong in proklamaesje ut dat de prinsesse wer thús wie, en ta eare fan 'e jonge prins waerd der in feest hâlden. Sels it âlde keningspear út it oare lân kaem op dat feest en elk spile fan tuike-moai. Doe't de beide âlde keningspearen ris ûnderinoar wiene seine se al: ‘Hwat ha wy ús foar de kroade ride litten’. Mar de memmen ornearren: ‘Licht ha wy der sels wol hwat skuld mei oan, hwant wy ha se ek ryklik koart hâlden en doe ha se op 't lêst har eigen sin dien’. En dat wie de spiker op 'e kop. |
|