‘Ik bin de kening en ik bin myn jachtstoet kwyt rekke. Nou soe 'k graech witte wolle, hoe't ik hjir wer wei komme moat, mar om jo de wierheit to sizzen: ik ha sa'n honger krige, dat soe 'k net hwat by jo ite kinne?’ Sa rekke de kening dêr oan 't miel, en doe't er it op hie, sei er: ‘Noait fan myn libben ha 'k sa lekker iten as hjir hjoed fan jou sûrkoal mei woarst’. De wei út 'e bosk waerd him wiisd en hy bitanke de frou en bileanne har rynsk foar de gastfrijheit.
Hy kaem thús en sei tsjin de hofkok: ‘Hjoed ha 'k foar 't earst fan myn libben sûrkoal hawn en dat wol 'k moarn wer ite mei in woarst der yn bisean - bislist, lekkerder iten is der net!’ Nou, de oare moarns krige er syn ûntbyt, dêr't er stevich fan iet, en de hiele dei lâns krige er syn wiet en droech, itselde dat er oars ek krige. En doe tsjinne de kok de sûrkoal op. De kening bigoun mei in boel forwachting to iten. Ja, it smakke net min, mar né, it wie doch lang dy sûrkoal fan juster net. De hompe woarst wie folle-folle greater as it stikje dat er juster hawn hie, mar doch - it foel him ôf. Nei iten roun er sels nei de koken, en hy sei: ‘Dat moatte jim al oars bisykje. It is lang net sa't ik it hawn ha, en sa moatte jimme it doch ek wol klearmeitsje kinne’. Dat de oare deis bisochten se it wer. De kok sette alles yn 't wurk, alle itensiedersboeken waerden der op neisjoen, ja it koe hwat op in oare manier klearmakke wurde. En dêr krige de kening wer sûrkoal op 'e tafel. Mar né, it wie him wer net, né...
It waerd noch in kearmannich bisocht, mar noait wie 't goed. De kok wie syn rie to'n ein. Op 't lêst sei er tsjin 'e kening: ‘Wy soene dy frou út 'e bosk hjir komme litte kinne. Dan moat dy der mar ris oer gear, hwant ik wit it net mear’. Dat like de kening in goed idé ta. Hy koe sahwat úttsjutte, hwer't er west hie yn 'e bosk en dêr waerden guon fan it kokenfolk hinne stjûrd. Se seine: ‘De kening hat by jo sa lekker sûrkoal iten. Nou ha wy it ek bisocht, mar it wol de kening noait mûlkje. En jo kinne wol bigripe, as in kening net op 't skik is, dat is foar ús allegearre lang net noflik. Dat soene jo ek meikomme wolle nei 't hof en meitsje sels dy sûrkoal klear? Dan kinne wy jo de kunst ôfloere’.
De frou rekke mei en makke yn 'e hofkoken de sûrkoal ré en it kaem wer op 'e tafel. De kening preau, hy preau noch ris. ‘Wrychtsjes’, sei er tsjin de frou, ‘it is al better as sa't ik 't fan myn hofkok krige. Mar sa't ik it by jo hawn ha, né, dat moat net lykje! Der siet doe hwat yn dat der nou net yn sit’. Doe sei de frou: ‘Sil ik jo ris hwat fortelle, kening - jo ha gelyk! Mar hwat der doe foar jo yn siet en nou net, dat is de sin oan iten, siz mar de skroei, dy't jo doe hiene. Jo wiene ropsk doe't jo by my kamen. Jo foelen dêr op 'e sûrkoal oan as in wolf, en omdat jo sa'n honger hiene, hat it jo sa lekker smakke. Mar nou kinne jo wer ite hwat jou hert bigeart. Wy kinne it noch sa bêst klearmeitsje - it wurdt noait wer sa lekker as doe't jo by my iten hawwe’.