De swarte hin
Op in slot dêr't in hiel soad personeel tsjinne, waerd hyltyd hwat wei. Se koene de dief mar noait krije, mar hy moast ûnder de boaden sitte. De slothear wie der mei oan. Syn rie to'n ein gong er nei in wiis âld minske ta, lei har de saek út en frege har help. Hja sei: ‘Ik sil komme’. Mar doe't se op it slot oankaem, hie se har uterlik sa foroare, dat gjinien har koe. Hja hie in kuorke by har mei in hin, in swarte hin. Doe sei se: ‘Nou moatte jimme allegearre by my lâns komme en mei de rjochterhân oer dizze hin strike. As hjir in dief ûnder jimme sit en hy rekket de hin oan, dan bigjint dy to keakeljen’. Allegear komme se en strike oer de hin, ta de lytse stâljonge ta. Mar doe't elkenien der by lâns roun wie, hie de hin noch net keakele. ‘Nou’, sei se, ‘moatte jimme my allegearre de rjochterhân sjen litte’. Dat diene se. Doe wie der ien by, de mastersfeint, dy syn hân wie blank; alle oare rjochterhannen wiene swart, hwant hja hie de hin ynsmard mei houtskoal. Hy waerd op it harspit nommen en it duorre mar efkes doe foel er al troch de koer.