De heit dy't twa bibels neiliet
Der wie in man dy soe syn beide soannen in great kaptael neilitte, as er kaem to forstjerren. Mar hy hie winliken to min bitrouwen yn har, foaral yn de iene net; dy mocht der graech hwat troch jeije. De man naem oars wol oan, dat as er syn erfskip der troch hie, him dat net foar de twadde kear oerkomme soe. Doe't de heit syn ein oankommen fielde, joech er syn soannen elk in bibel presint en dêr moasten se nei syn dea trou yn lêze. Nou, dat biloofden dy jonges en de âldman lei mei gauwens de holle del.
De iene, dat in wyldsjitter wie, forrinkelroaide syn erfpoarsje, drank en feesten gjin ein. Sa wie syn broer net, mar dy krige yn syn saken de iene tsjinstuit nei de oare. Ek hy koe op 't lêst gjin kant mear út. As ik mar fyftichtûzen goune ûnder myn spul krige, tocht er, dan koe ik hjir sitten bliuwe en dan rêdde ik it der wol wer ôf. Mar de jildsjitters fregen op hwat er liend hie; se longeren op syn spul. Mar hy siet jouns in bult yn 'e bibel to lêzen. Op in kear sloech er wer in blêd om en dêr lei in briefke yn. Hy moast him mar by de notaris forfoegje, stie dêr to lêzen. Hy nei notaris ta, en dat briefke sjen litte. ‘O ja’, sei de notaris en die de klûs iepen. ‘Sjoch, dizze brief leit hjir; dy is noch fan jim heit’. Hy seach der yn en dat wie in chèque fan fiifensawntich tûzen goune. Dy koe er ophelje.
Mar dy oare soan dêr waerd de hiele boel fan forkocht. Doe kaem er letter ris by