Heit is heit en mem is mem
Der wiene op in kear twa bern, in broerke en in susterke, fuortroun. Dy kamen oer de heide en fordwaelden. Op 't lêst, doe't se al in hiel ein fan hûs wiene, bilânnen se yn in bosk. Dêr waerden se foun, mar de minsken dy't har foun hiene, wisten net hwer't se wei kamen. As se oan it jonkje fregen: ‘Hwa is jim heit?’ dan sei er: ‘Heit is heit’. En as se oan it famke fregen: ‘Hoe hyt jim mem?’ dan sei se allinne mar: ‘Mem is mem’. Hwat se ek prebearren, se kamen der net efter, hwer't dizze bern wei kamen. Nou wenne der yn 'e omkriten fan 'e Boelensloane in minske, dêr gong de rop fan, dat se yn 'e takomst sjen en de wierheit foarsizze koe. Dêr gongen se mei de beide bern hinne en se fortelden har, hwat der to rêdden wie. Se sei: ‘Ik wol it wol bisykje, mar dan moat ik mei de bern allinne wêze. Lit se mar mei my yn 'e hûs gean’.
Se sette de bern by de tafel en bigoun mei har to praten. Ek hja frege earst oan it jonkje: ‘Hoe hyt jim heit?’ en oan it famke: ‘Hoe hyt jim mem?’ Der kaem wer oars neat út as: ‘Heit is heit’, en: ‘Mem is mem’. Dêrnei frege se it jonkje: ‘Ha jim heit en mem wol ris rûzje?’ ‘Jawol’, sei de jonge. Se frege fierder: ‘As se nou rûzje ha, hwat seit jim heit dan tsjin jim mem?’ It jonkje hoegde him net lang to bitinken: ‘Dan seit er, Fokje, ik skop dy ûnder de bealich!’ ‘En dan seit ús mem’, flapte it famke der oer hinne: ‘Fokke, ik klau dy de eagen út 'e kop!’
Doe't de minsken wer oan 'e doar kamen, sei de frou: ‘Dit binne in pear bern - sykje der mar om - fan in Fokke en Fokje’. En sa binne se wer to plak kommen.