It goud fan 'e kening en it goud fan 'e boeren
Yn in fier lân wenne in wize kening, dy't bisocht om syn ryk sa goed mooglik to bistjûren. Hy hie allinne ien greate fout: hy wie ôfgryslike pronksk en alles hwat er oan ynkomsten binnen krige, waerd omset yn goud en dat kaem yn 't paleis. De muorren en de flierren wiene biklaeid mei goud, der stiene gouden stuollen, der waerd iten út gouden boarden fan gouden tafels, ja, hwat wie net fan goud yn dat paleis?
Der kaem in tiid dat it net sa goed gong mei syn ryk. Hjir en dêr yn it lân wie hongersneed, hearde er fan syn rinboaden. Hy tochte, dêr moat foroaring yn komme; ik moat ien oanstelle dy't der foar soarget dat de groun mear opbringt. Net sa fier fan 'e haedstêd lei in tige great boerespul, dat der foar bikend stie dat alles dêr krekt sa om en ta gong as it hearde. Dy pleats levere alles oan it paleis dat dêr oan itens- en molkespul nedich wie. Hy hie wol heard, dat it foaral oan de soan fan 'e boer to tankjen wie, dat der safolle út dy pleats makke waerd. Doe bineamde er dy boeresoan ta in soarte fan minister fan lânbou. Hy moast der foar soargje dat der nearne mear hongersneed yn it lân wie. De jongeman wie tige tûk; hy foroare de lânboumethoaden yn it ryk en makke dat der genôch iten woeks foar elkenien. Spitigernôch krige it folk it net sa hiele folle better, hwant doe't de kening dat fornaem, liet er swierder bilêstingen oplizze en hwat der mear ynkaem, waerd wer omset yn goud. Dat sinnige de boeresoan net sa goed; hy wie sa wiis net mei de kening as dy mei syn nije minister.
Op in kear liet de kening him ûnder it miel njonken him sitte. Op in stuit frege er him: ‘Libbestou nou eigentlik net yn in wrâld, sast it dy as boeresoan noait dreame kinnen hieste? Alles om dy hinne skittert hjir fan goud. Wy sitte op gouden stuollen oan in gouden tafel en wy ite út gouden boarden it kostlikste iten. Soest it noch better krije kinne?’ ‘Ja’, antwurde de jonge minister, ‘miskien is der gjinien op ierde dy't it better hat as jo. Jo hawwe safolle goud om jo hinne garre, dat jo miene, jo binne de rykste man fan 'e wrâld. Mar as ik weromtink oan 'e tiid thús op 'e pleats - né, wy hiene folle mear goud om ús hinne as jo en wy kamen der fierder mei as jo’. Doe waerd de kening hwat kiezzich en hy sei: ‘Wel, dat silst my dan biwize!’ ‘Goed’, sei de boeresoan, ‘mei ik jo dan útnoegje om in kear by ús op 'e pleats to kommen en mei ús to iten? Dan sil ik it jo sjen litte’. De kening naem it oan.
Doe't de dei dy't steld wie oanbriek en de kening op 'e pleats kaem, doe stie der oer de skuorreed in lange tafel fan ienfâldige planken dy't op skammels rêstten. Dêr stiene boereboarden op en yn 'e midden in ûnbidich greate panne mei wazemjende boerekost. Stuollen wiene net to sjen, mar yn 't rounom stiene folle sekken om 'e tafel hinne. De kening krige it forsyk om op ien fan dy sekken sitten to gean en allyksa namen de oaren har plak yn. De kening iet, en och, it smakke him wol goed nei de rit yn 'e bûtenloft.
De kening hie al in pear kear om him hinne sjoen, en doe't it iten dien wie, bitanke er foar it miel. Hy sei: ‘It hat my skoan smakke; ik sit ek wol noflik, mar jo soene my sjen litte, dat jim mear goud hiene as ik en my biwize dat jo der fierder mei kamen as ik’.
Doe sei de boeresoan: ‘Ik wol in weddenskip mei jo oangean - jo litte jo mei jou goud, fierder ek neat, opslute yn jou paleis, en de doarren geane foar in moanne