De moaije rjochte stôk
In jongfaem frege ris oan har muoike: ‘Hwerom is muoike noait troud?’ Sjoch, in pear fammensbern kamen wol gauris by in suster fan har mem, in âldfaem. En doe tocht dat iene fanke, nou wol ik hjoed doch ris witte, hwerom't ús muoike - dat is doch wol in kreas frommis - noait troud is. Muoike antwurde: ‘Dat sil ik dy al fortelle, mar net foardatst my de moaiste en rjochtste stôk út 'e bosk helle hast. En dou meist him mar op ien manier helje - tink der om, dou meist noait weromgean. Dou kinst net tinke, o, dêr stie in moaijenien, ik moat mar efkes werom. Altyd mar fierder rinne, mar dou moatst de moaiste en rjochtste dy't der to finen is, foar my meinimme’. It fanke tocht, dat is neat, och hea!
Se roun de bosk yn en se foun allegearre moaije en rjochte stokken, mar se tocht, der binne miskien noch wol moaijer, ik rin mar efkes troch. Op 't lêst wie se de bosk hast al út en doe wiene dêr oars net mear as kromme. Mar se moast doch in stôk meinimme, dat doe naem se mar in krommen-ien mei en dêr kaem se mei by muoike. Muoike sei: ‘Nou kin myn forhael koart wêze. De rjochte haw ik allegear stean litten en doe moast ik op 't lêst in krommen nimme, lyk astou dien hast. Mar dêr hie ik gjin sin oan, dat sadwaende bin 'k mar âldfaem bleaun.