arbeidzje, ha 'k twa boltsjes meikrige. Ik soe sizze, wy nimme der elk ien fan’. De freule wie dit fansels hielendal net wend om sa yn waer en wyn by de doar to sjouwen, dat dy wie wol bliid, dat se efkes sitte koe to bikommen en dat se kofje mei in boltsje krige.
In wike letter noade de freule alle minsken dêr't se oan 'e doar west hie op it slot. Hja wisten net, hwer't se it oan to tankjen hiene, mar se tochten yn alle gefallen, dat se wol tige ûntfongen wurde soene. Hja waerden nei in seal brocht, dêr't in greate tafel hielendal dutsen stie. En elk waerd nei it plak brocht, dat foar him ornearre wie. Op elkums board lei in briefke mei in biskriuwing fan hwat de freule by him ûnderfoun hie. Bygelyks hoe't se de fûst tsjin har oprôlle hiene, of hoe't der foar 't rút skodkoppe wie, of kloppe en dien, dat se har ôfjaen moast. As der mei in stien of hwat oars smiten wie, dan lei der in stien of dat oare op it board. Allinne foar it âlde wyfke stie in panne mei lekker iten en dêr seach elkenien nuver fan op.
Dat duorre sa efkes, doe kaem dat biddelwiif der yn. Hja die de kyps ôf en doe seagen se, dat it de freule wie. Hja sei: ‘Ik woe noait leauwe, dat de minsken dy't by de doarren lâns moatte, omdat se it sa krap ha en omdat se net mear arbeidzje kinne, dat dy sá bihannele waerden. Doe ha 'k sels ris ûndersocht, hoe't dat siet. Spitigernôch is it wol wier, hwant dit haw ik ûnderfoun. Allinne by dizze frou, dy't it sûr fortsjinje moat, haw ik waerm drinken en in byt iten hawn. Dat wit ik nou, en jim witte hwa't forline wike by jim oan 'e doar west hat. Mar nou geane wy hjirwei. Wolle jimme my mar folgje’. Hja naem se allegear mei nei in oare seal en dêr wie de tafel net allinne dutsen, mar der stie ek in kostlik miel ré. Oft it elkenien like lekker smakke hat, bliuwt tige de fraech.