De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 226]
| |
hiele nacht troch. Se leine togearre yn ien bedsteed, sa't foarhinne de gewoante wie, en dan lei de dogeneat altyd foar. Sadwaende koe hy der ûngemurken ôf gean - de oare sliepte tige fêst. Dy hie wol yn 'e rekken, dat it gjin suvere kofje mei syn maet wie, hwant dy kaem gauris mei dingen op 'e lappen, dy't er tofoaren earne stean sjoen hie. Dêr koe de man ûnmooglik earlik oan kommen wêze, mar dêr bimuoide hy him net sa bot mei. Op in joune kamen se moai let by in herberge oan dêr't se wol nachtforbliuw krije koene. De jachtweide siet stiiffol folk. Dêr joegen se har efkes by, mar doe gongen se ek al ridlik gau efter de bedsdoarkes. De dogeneat lei wer foaroan en dy foel net yn 'e sliep, hwant hy wachte de tiid ôf dat er syn slach slaen koe; dat koe wurde as de tapkeamer leech en alles yn 'e rêst wie. Lykwols, sa fier kaem it net, hwant de kastlein wie wend om, as er in goede joun hawn hie, noch ris djip yn 'e romer to sjen. Mar it ûngelok woe dat er in kweade drank oer him hie. Hy koe him dan oer it minste of geringste opwine en syn min sin wierre er dan út op dejinge dy't him ek mar in strie yn 'e wei lein hie. Hy hie der dy jouns alhiel gjin nocht oan hawn om noch in bêd ré to meitsjen foar de beide reizgers. Eigenaerdich genôch hie er foaral it grau op 'e dogeneat. Hy makke him ynwindich sa lilk, dat hy gong nei de keamer dêr't se leine en hy joech dejinge dy't foar lei sa'n wan bruijen, dat er net | |
[pagina 227]
| |
wist hwer't er wine soe. De oare sliepte rêstich troch; dy hie fan it hiele trelit neat murken. Mar de oare moarns, doe't se fan 't bêd kamen, wreau de dogeneat op syn seare plakken om en hy praette der al fan om fierderop in plak to sykjen foar de oare nacht. Mar syn maet, dy't fan neat wist, sei: ‘Wy binne hjir justerjoune pas kommen; wy ha fan dit hiele plak noch neat sjoen, lit stean dat we hjir hannel dreaun ha’ - dat wie nammentlik har affearen. In oare herberge wie der net yn dat plak, dat se bistelden wer sliepplak foar de kommende nacht. De dogeneat praette de hiele dei net oer hwat der foarfallen wie, mar de jouns sei er tsjin syn maet: ‘Dou hast justernacht efter lein, lit my nou to nacht ris efter lizze’. It wisse foar it ûnwisse, tocht er; as dy kastlein strak wer sa'n gek steed yn 'e kop hat, dan hoech ik it tominsten net to bilijen. Nou, it wie de oare goed, dat se ruilen fan plak. It gong deselde wei op as de foarige jouns. Der siet wer in keamer fol folk en nei ôfrin hie de kastlein wer slim toarst. Mar hy waerd sa dronken net, dat er net wist hwa fan 'e twa al in pak op 'e hûd hawn hie. Hy tochte, dy sil wol wer foar lizze; dat hy joech diskear de efterste in pak op syn leverij dat him net jokke. De foarste sliepte wer troch alles hinne. Mar de oare moarns sei de dogeneat: ‘Dou kinst biwege hwatst wolste, mar ik forpof it en bliuw hjir kommende nacht noch in kear’. ‘Hoe nou sa?’ ‘Wel! Justernacht - ik ha dy der noch neat fan forteld - ha 'k in wan op 'e hûd hawn, en fan nacht wer; dat ik haw der tabak fan’. Doe tocht de oare, o dêrom woe er dus net mear foaroan lizze, mar dat hâldde er foar himsels. Hy sei: ‘Sil ik dy ris fortelle, myn jonge, hwerom ast dit pak op dyn donder krige hast? Troch dyn ûndogenske streken en dieverijen. Dit is in warskôging fan hwat der oan slimmer dingen efterwei komt, ast sa trochgieste’. Dêr woe syn maet earst net folle fan witte, mar hy liet it doch op him ynwurkje en hy hâldde mei syn gnobjen en stellen op. |
|