De kening dy't him nea forwûndere
Der wie ris in kening, dy wie sa geleard en safolle fan 'e wrâld hie er sjoen en safolle heard, dat hy forwûndere him nearne mear oer. Hy hie ien dochter, dy woe er wol oan 'e man ha en doe liet er bikend meitsje: ‘Myn dochter sil trouwe mei dejinge dy't my yn forwûndering bringt’. Der kamen gadingmakkers út alle dielen fan 'e wrâld en se fortelden de kening de frjemdste dingen: oer de stjerren, oer de ierde, oer de piramiden en oer alle wûnderheden dy't der mar op 'e wrâld binne, mar der wie neat by dêr't de kening him oer forwûnderje koe.
Doe kaem der in ienfâldige fiskerman út 'e omkriten fan Earnewâld wei en frege ek in ûnderhâld mei de kening oan. Mar hy waerd net iens talitten, hwant se riddenearren: ‘Hwat kin sa'n domme ûnbilettere fiskerman oan 'e kening forteile, dat er noch net wit?’ Mar hy die gjin lichten en op 't lêst lieten se him doch mar ta.
Hy fortelde de kening, hy wie fiskerman yn 'e omkriten fan Earnewâld en dêr by om húsmanne in alderforskuorrendst greate snoek. Hy hie him al hûnderten kearen yn 'e netten hawn, mar dy snoek wie sa great, dat al hie er him ek mei de kop op 'e rânne fan 'e boat, dan moast er him noch wer swimme litte, hwant oars kantele of sonk de boat. Hy hie op in kear yn 'e Oksepoel to fiskjen west, doe krige er dy snoek wer yn 'e netten. Mar hy hie de houn by him, in alderduvelst greate herder, en doe't dy de snoek seach, sprong er oer board. Mar de snoek die de bek iepen en yn ien hap friet er de houn op.
In set neitiid foer de fiskerman wer oer 't wetter om syn netten út to bringen en doe seach er dêr in hiele greate swan driuwkeljen. En ynienen loek der in kolk yn 't wetter en de swan wie fordwoun. Doe sette er alle netten dy't er hie byelkoar, efterelkoar oan en doe krige er de snoek der wer yn. Hy loek de netten nei de kant, spande der sawntjin hynders foar en mei dy sawntjin hynders loek er de snoek op 'e wâl en doe sloech er him dea. De kening seach him oan, mar hy forwûndere him net.
De fiskerman forfette syn forhael: ‘En doe krige ik it mes en ik snie dy snoek de bealich iepen. En it earste dat ik tsjinkaem, dat wiene de bonken fan myn houn. It twadde dat ik oantrof, dat wie de swan. En dy swan wie noch springlibben!’ De kening seach him oan, mar hy forwûndere him net.
Foar de twadde reis forfette de fiskerman syn forhael: ‘Mar witte jo, hwat it alderfrjemdste wie? De swan hie in nêst makke fan 'e bonken fan myn houn en dy siet to brieden op sawn aeijen’. Doe seach de kening him oan en sei: ‘It forwûndert my, dat jo hjir mei sokke stomme forhalen komme doare!’ En om't de kening him dus forwûndere hie, mocht de fiskerman trouwe mei de prinses.