De kening en de earteblazer
In kening woe de ambachten en de kunsten yn syn ryk ris bifoarderje en dêrom skreau er in kriich út ûnder de faklju en de kunstners. Men kin fan tinken wol ha, dat elkenien wakker syn bêst die - it gyng foar de kening, it gyng om de eare, en de prizen soene grif ek keninklik wêze. Nou, in timmerman dy't in moaije kast mei sierlik útsnijwurk makke hie, krige in priis, in byldhouwer dy't in moai boarstbyld makke hie, kipte der ûnder syn kollega's út, in smid dy't in smei-izeren homeije mei hiel moaije krollen makke hie, krige in ûnderskieding, en sa gyng dat mar troch. Der hie him ek in man oantsjinne, dy bioefene in kunst dêr't er gjin konkurrinsje yn hie. Hy hie him krekt salang oefene, dat er fan in distânsje sûnder ien kear to missen in griene eart troch in lang tin reid yn 'e punt fan 'e nulle dy't yn 'e muorre stutsen wie, blaze koe. Ek dy man mocht syn kunst foar de kening fortoane en dat gyng ek dy kear sûnder mankearen. De man wie mar tige oer himsels to sprekken.
De kening bileanne alle bisûndere prestaesjes. De smid bygelyks krige gâns gouden dukaten, de timmerman dy't it sa bûtengewoan dien hie, waerd sels oansteld ta hoftimmerman. Lang om let wie it ek oan de earteblazer ta. Nou, de kening sei, dat er dy kunst mar tige by tige machtich wie en dêr soe er ek bisûnder foar leanne wurde. Fjouwer tsjinners kamen oantôgjen mei in ûnbidich greate sek fol griene earte. De kening sei: ‘Nou kinne jo mar ta blaze’.