Geart Slakkebakker en syn soan
Der wenne to Ljouwert in man dy roun mei moster en slakken. Slakken dat wiene fan dy kokyntsjes, dy makken se dan sels. Sadwaende hie hy de namme krige fan Geart Slakkebakker. Der siet grif in goede winst yn, hwant hy dyng hwat er woe, mar hy bleau altyd it dagelikse mantsje. Hy libbe winliken twa libbens - as er woe, koe er him ek wol as mynhear foardwaen, mar dêr wist sa goed as nimmen fan. Hy hie trije bern, in soan en twa dochters. De soan hie er nei de latynske skoalle stjûrd en doe nei de Frjentsjerter akademy - it forhael is al even âld. Dy wie jurist wurden, doctor yn beide rjochten, mar hy hie noch gjin baen. Sa yn it deistich libben thús roun dy soan der krekt sa hinne as syn heit, o sa dageliks - men soe der gjin man mei in akademyske graed yn sjen. Allinnich yn Frjentsjer wie it in hiel oar persoan, net allinne fan uterlik, mar hy hie syn namme ek forlatynske, nimmen koe him dêr as de soan fan Geart Slakkebakker.
Doe sei er op in kear: ‘Heit, ik ha nou de bul fan master yn 'e rjochten, nou woe 'k hast wol om in wiif sjen’. ‘Dêr is neat op tsjin, jonge’, sei Geart Slakkebakker, ‘mar tink hjirom: dou hoechst it mei elkenien net oan to lizzen, al binne wy dan mar dagelikse minsken’. Dêr wie de soan it mei iens. Hy sei: ‘De dochter fan 'e boargemaster, dy ha 'k to Frjentsjer al in pear kear troffen. Dat liket my net sa min ta’. Syn heit sei: ‘Dou doarst it wol oan. Ik wit net, oft dy dat slagje sil’. It wie in fanke út ien fan 'e oansjenlikste famyljes fan 'e stêd. De soan sei: ‘Dat wit ik ek net. Ik ha der al lang mei omroun. Om by de boargemaster oan to klopjen, dat doar ik winliken net’. ‘Nou’, sei de heit, ‘dan sil ik dat wol foar dy opknappe moatte’.
Kreas mar ienfâldich forklaeid liet er him by de boargemaster oantsjinje. Dy koe him wol, hy sjoude ommers altyd yn 'e stêd om mei syn moster en slakken. Hy stie him to wurd yn 'e hal - sa'n slakkebakker liet men net yn 'e keamer. ‘Hwat boadskip hiene jo?’ ‘Dat sit sa: dy soan fan my’ (hy sei der net by dat er jurist wie en dat wist de boargemaster ek net) ‘dy hat it mar op jou dochter forsjoen. Hwat tinkt jo, soe dat ek hwat wurde kinne?’ De boargemaster liet net skine, hoe't er it opnaem: ‘Dêr kin 'k sa gjin antwurd op jaen. Ik wol myn dochter sa mar net forsizze. Mar as it har goed is, kinne wy ris oer de bitingsten prate. Ik wit goeije rie - jo komme yn nije wike op 'e selde joun mar wer, dan haw ik it mei myn dochter oerlein’.
Thús siet de soan yn spanning. ‘Hy hat it net ôfwimpele’, sei de heit, ‘wy moasten yn nije wike mar wer komme; dan soene wy fierder prate’. It lei de soan swier op 'e mage. Hy wist to goed hoe't de hegerein de mindere man bijegene. Mar der wie gjin forwin op, as er de boargemastersdochter ha woe, dan soe it dy wei op moatte.
De oare wyks op 'e selde joune klaeiden se har sa deftich as se koene; binammen de soan wie kreas yn 't habyt, dy hie fandatoangeande oan 'e universiteit wol in oare trant oer him krige. Doe't se om acht ûre ynlitten waerden, siet dêr, hwat se net forwachte hiene, noch in man of hwat fan 'e hegerein. De boargemaster hie se op 'e hichte brocht en doe hiene se sein: ‘Jonge, dêr moasten wy in grap mei hawwe’, en dêr hie de boargemaster sels ek wol aerdichheit oan hawn. Hy hie mei syn dochter oer it gefal praten en dy hie sein: ‘Ik ken dy hiele soan fan Geart Slakkebakker net iens en it soe my gjin nij dwaen as er my likemin ken. Mar lit him