Acht is mear as tûzen
In widdou wie boerinne op in greate pleats. Se koe it skoan dwaen, se tocht dat se ek goed folk hie, mar doch gyng it stadichjeswei efterút mei har. Dat koe se har net bigripe. Hwant it wie in opgeande tiid en hwat die se forkeard? Op 't lêst socht se in riedsman op en dy lei se de saken foar. ‘Hoe moat dit?’ frege se, ‘hwant ik buorkje swietsjeswei efterút’. De riedsman kaem ris by har to sjen en doe sei er: ‘Ik wit de oplossing - jo hoege oars neat to dwaen as deis trije kear de pleats om to rinnen’.
Se tocht by harsels, men hoecht net om rie to freegjen as men him net opfolget. Sadwaende roun se fuortdalik de oare moarns de pleats al om. Se kaem efterhûs en dêr stiene de greatfeint en de greatfaem tsjin 'e muorre oan to frijen. Se roun fierder, loerde ris troch in rútsje hinne en dêr lei de lytsfeint yn 'e hynstestâl to sliepen. Doe't se de pleats hast al yn 't roun wie, trof se de lytsfaem, dy siet hwat op it kannerak to doedeljen. Se hâldde fol mei har omgongen en doe krige se gau genôch foar it forstân, hoe't it kaem dat har it spul efterútgien wie. En sûnder dat se fierder hwat hoegde to sizzen of to dwaen, is se der wer boppe-op kommen.