Dit foar de Heare en dat foar de duvel
It wie net in great doarp en bihalve in pear rike boeren wennen der net folle minsken. De tsjerke stie op in terpke en deun dêrtsjinoan de pastorij, dêr't de âld dominy lykme-allinne yn húsmanne. Ien kear wyks kaem der in âld wyfke om de boel hwat by him to himmeljen en oars ris in hântaest to dwaen. Mei de sinteraesje fan 'e tsjerke stie it der net to bêst foar, in koster koe der neffens de tsjerkfoudij net iens ôf. Dominy hie oars doch hast neat to dwaen, dy koe de tsjerke bêst hwat himmel en skjin hâlde en oars moast it âld wyfke mar byspringe - dy waerd doch fan 'e tsjerke ûnderhâlden.
Op in joune let kaem der in âlde bidler oan 'e doar fan 'e pastorij. Dominy frege nearne nei, noege de man der yn en partte syn opwaerme kofje en syn stik iten mei him. Se rekken oan 'e praet en dominy waerd al gauweftich gewaer, dat de man wol earm en forlitten wie, mar dat er syn geloof net kwytrekke wie. Dominy woe graech help hawwe en de man in hinnekommen. De winter stie foar de doar en dan foel it omswalkjen hwat ôf. Doe't de tsjerkfouden dat hearden spuiden se raer guod; se joegen pas tawurd, doe't har sein waerd dat it gjin jild hoegde to kostjen en dat dominy de man de kost wol jaen woe.
De nije koster wie in man fan in hiel lyts bytsje wurden; stil die er syn wurk en mear as dat. De tsjerke wie sûkerskjin, hy sette nije matten yn 'e stuollen, it tsjerkhôf waerd meand en wjudde en dominy syn grientetún wie noch foardat de froast ynfoel twa stek djip omset. Sneins wie er oan 't kosterjen yn in âld swart pak dat ien fan 'e rike boeren ôftanke hie, mar dat foar him noch goed genôch wie. Moandeis telde er kollektesinten en as der genôch muntstikken fan itselde soarte wiene, makke hy der roltsjes fan, dy't er dominy to biwarjen joech. De tsjerkfoudij hie dominy der al in pear kear oer ûnderstien - neffens har moast men mar foarsichtich wêze mei sa'n skoaijer, men wist net hwat men oanhelle hie. Dominy skodholle en sei, dat de Heare net allinne de bidlers, mar sels de moardners noch in kâns jaen woe.
Doe't de koster op in moandeitomoarne yn it lytse tsjerkekeammerke efter de pastorij de kollektesinten siet to tellen, slûpte de rykste boer ûnder de tsjerkfouden op hoasfuotling de gong yn. Hy teante nei de doar en kipe troch it kaeisgat. De koster siet efter de tafel mei it jild foar him en de boer koe him lyk yn 't gesicht sjen. De koster skifte it jild en lei it op heapkes. By elk muntstik dat er to plak skoude sei er: ‘Dit is foar de Heare!’ mar noch faker gong syn hân nei in tromp dy't ek op 'e tafel stie en dan sei er like dúdlik: ‘En dit is foar de duvel!’ De grize roun