It blijspul yn 't kammenetslaed
In keapman hie al syn waer omset yn jild. Sadwaende hie er gâns in bidrach by him, doe't er ûnderweis wie nei hûs. Hy hie tocht, dat er it wol rêdde soe en wês foar de joun thús, mar hy krige opûnthâld. Hy hie it net foar 't útsykjen, hwer't er oernachtsje soe. It wie in ienlike streek, dat hy mocht fan gelok sprekke doe't er earne op 'e romte in herberch foun. Mar fan bûten stie it spul him dalik al net oan, it hie hwat tsjusters oer him; de kastlein hie er fuort in tsjinnichheit yn - it wie in moaiwaerspiler, en syn wiif ek. Sa net, de bitsjinning wie bêst en de keamer dy't se him wiisden, koe der ek wol op troch.
Hy gong net fuortendalik op bêd, mar siet noch hwat by de lampe to skriuwen - hy plichte alle jounen sekuer oan to tekenjen hwat dy deis syn hannel west hie. En doe murk er dat er opsluten siet. Hy seach ek wol dat doaryntraepjen net mooglik wie; troch de glêzen soe er ek net ûntkomme kinne, hwant dêr sieten swiere traeljes foar. Dat hy fielde him lang net noflik. En doe hearde er troch in skud dat wiif en dy keardel praten. Meidat er in tige skerp gehoar hie koe er forstean hwat se seine: har dei wie wer goed, hwant de keapman moast aerdich jild by him hawwe. Fan nacht soene se wol mei him ôfweve en yn 'e tún wie noch plak foar in lyk mear. It kâlde swit briek him út. Hwat moast er bigjinne? Wapens hie er net by him.
Ut hwat er heard hie koe er wol opmeitsje, dat er de earste net wie dy't hjir syn libben liet. Hy tocht, as ik mysels dan net rêdde kin, moat ik sjen, dat der sa min mooglik op my folgje en dat dit moardnerspear net oan in rjochtfeardige straf ûntkomt. Hy koe dêr wol gewoan in briefke mei in warskôging efterlitte, mar dat soene dy smjunten wol fine, ear't it syn boadskip oerbrocht hie. Hy sneupte dêr de boel hwat nei en doe foun er yn in kammenetslaed in âld blijspul. It moast der al jierren lein ha, hwant it siet tsjok ûnder it stof. Dêr skriuwt er oan 'e bûtekant op dat de finer it yn syn eigen bilang mar ris neilêze moat. Dat die er yn it latyn - dan wie de kâns minder great dat it kastleinsfolk der oer foel. En binnen yn skreau er