De rike widdou fan Boalsert
Der wenne in koumelker yn in dykhûs oan 'e Slachte, earne yn 'e Lollumer kontreijen, dy hie wol sin oan in auto. De boeren rieden op 't lêst allegearre yn in slide en dêr stieken se him de eagen mei út. Mar winliken mocht it him net barre.
Doe waerd der yn 'e krante in Ford Sedan oanbean, fan in net al to âlde jiergong. ‘In prima staat. Tegen elk aannemelijk bod’. As adres stie der in strjitte to Boalsert by. Dat wie net to fier ôf, dat him tocht, hjir koe er sachs ris sjen. Hy frege yn 'e Gysbert-stêd hwer't er wêze moast en seach al hwat forheard, doe't er op 'e moaiste stân by ien fan 'e deftichste hearehuzen tolânne kaem. It woe him net oan, dat er to plak wie, dêrom sei er tsjin 'e mefrou dy't sels by de doar kaem: ‘Ik haw dit adres yn 'e krante lêzen, sa en sa, mar ik leau, dat komt net goed’. ‘It komt al goed’, sei de mefrou, ‘komme jo mar fierder’.
De man sei syn boadskip. Hy liet goed útkomme, dat er net folle bitelje koe en dat hja hjirre yn dit deftich hûs wol net sa'n âlde auto ha soene, dat dy yn syn priis foel.
‘Jo meije him wolris sjen’. Nou, it like der op. In prachtich weintsje en de motor roun as in liere.
‘Dat is neat foar my’, sei de boer, ‘dy kin ik net bitelje’.
‘Hwat ha jo to missen?’ frege de mefrou.
‘Net mear as fiifhûndert goune’.