troffen, hy hat my dizze aeijen meijown en dy moatstou útbriede litte’. De faem biseach de aeijen en merkbiet dat se sean wiene. Mar de kening hie tsjin de man sein: ‘As jou dochter net dwaen kin hwat ik har freegje, of der gjin antwurd op wit, dan wurde jimme allebeide ophinge’. Dat de âld man siet der tige oer yn en sei: ‘Dit wiist mâl, hwant dan kinne dizze aeijen net útbret wurde’. Mar de dochter antwurde: ‘Gean mar op bêd, heit - ik sil my der wol mei rêdde’.
De man joech him del, mar de dochter hong in pot mei earten oer 't fjûr en sea se. En doe't de kening werkaem, sei se tsjin har heit: ‘Nim dizze pot mei seane earten mei, en as de kening der oan komt, moat heit bigjinne mei se to siedzjen. En as er heit freget hwat heit docht, siz dan: Jo moatte efkes geduld dwaen, ik ha 't net oan tiid, hwant ik moat earst dizze seane earten siedzje; dy moatte noch opkomme. En as de kening dan tsjin heit seit: Mar fan seane earten kinne noait planten komme! dan seit heit: Dat kin like goed as dat der fan seane aeijen piken komme’.
De man die sa en de kening sei: ‘Dit antwurd fan jou dochter bifalt my wol. Mar ik ha noch in oare opdracht foar har. Hjir ha jo in toppe flaeks, dy moatte jo mei nei hûs nimme en jo moatte tsjin jou dochter sizze, fan dizze toppe flaeks moat se my in seil weve foar myn oarlochsskip’. De man kaem mei de toppe flaeks thús en sei tsjin syn dochter: ‘De kening hat sein, dou moast fan dizze toppe flaeks in seil weve foar syn oarlochsskip, mar dat kin noait, hwant dêr is lang gjin flaeks genôch foar. En nou binne wy forlern’. Mar de dochter sei: ‘Gean mar op bêd - ik sil der my wol mei rêdde’.
En doe't de kening werkomme soe, joech se har heit in swevelstokje mei en sei: ‘Nou moat heit nei de kening ta gean en tsjin him sizze: As jo fan dit swevelstokje in weeftou meitsje litte dat great genôch is, dan sil myn dochter in seil foar jo weve foar jou greatste oarlochsskip’. De kening sei: ‘Dit antwurd bifalt my ek wol. Mar nou ha 'k noch in opdracht foar jou dochter: ik wol fan har witte, hoefolle fisken as der yn 'e Snitsermar libje. Se moat him leech skeppe en de fisken telle’.
De man kaem wer thús en sei: ‘Nou binne wy forlern, hwat dit kin noait! Dou kinst de Snitsermar net leechskeppe en dou kinst de fisken net telle. Hjir komme wy noait út!’ Mar de dochter antwurde: ‘Gean mar op bêd, heit - ik sil my der wol mei rêdde’.
En doe't de kening werkaem, sei se tsjin har heit: ‘Hjir hat heit in topke hea. Dat moat heit meinimme en tsjin de kening sizze: as hy mei dit topke hea alle fearten en gatten tichtstopje kin dy't yn 'e Snitsermar útkomme, dan sil ik de fisken foar him telle’.
De man brocht ek dit antwurd oer oan 'e kening en dy wie der sa mei yn 't skik, dat hy sei: ‘Ik wol mei jou dochter yn 'e kunde komme, hwant ik bin in wize keninginne nedich’.
Hja stiene op trouwen, mar foar de brulloft sei de fiskersdochter tsjin de kening: ‘Jo moatte my ien ding bilove. As ik keninginne bin en jo soene my oait forstjitte en ik moat jo forlitte, stean my dan de gunst ta, dat ik út it paleis drage mei hwat my it leafste is’. De kening sei: ‘Dat giet oan!’
Doe't se troud wiene en by it paleis oankamen, droech er har op syn earmen oer de drompel en doe't se der yn wiene, frege se him: ‘Hwat hastou nou yn 'e hûs droegen?’ De kening antwurde: ‘Hwat my it leafste is!’ En doe sei se tsjin him: ‘Forjit noait hwatstou my biloofd haste, dou witst wol, datst my de gunst tastiest om, as ik oait troch dy forstjitten wurd, it leafste dat ik ha út it paleis drage en