As it sâlt
Der wie ris in âlde kening, dy hie trije dochters en hy woe witte, hwa't him it leafste hie, hwant oan har woe er syn keninkryk jaen. Hja moasten him sizze, hoefolle as se fan him hâldden en dat moasten se útdrukke yn in forgeliking mei hwat neffens harsels it kostberste wie. De âldste dochter sei: ‘Ik soe jo lyk stelle mei alle goud en juwielen dy't ik bisit’. Dêrop sei de twadde: ‘Ik soe jo lyk stelle mei alle nocht en wille dy't ik yn 't libben ha’. En de jongste sei: ‘Ik soe jo lyk stelle mei it sâlt’. Doe waerd de kening sa lilk op syn jongste dochter, dat er har fuortjage. En hy fordielde syn keninkryk ûnder syn beide oare dochters.
Mar doe't er ôfstân dien hie fan 'e troan, die it bliken dat it har inkeld to dwaen wie om jild en om plezier, en omdat er in âld man wie en tige lêstich, jagen se him fuort. Doe waerd er in swerver oer de ierde en as in âlde forskoppeling kaem er op in kear by in húske tolânne, dêr't syn jongste dochter yn wenne en hy frege om hwat iten. Hy wist net dat it syn dochter wie en hja wist net dat it har heit wie. Mar se helle him yn 'e hûs en sei: ‘Jo kinne krije hwat ik ha. It is net folle en it is it iennige dêr't ik troch yn 't libben bleaun bin’. Se lei him in stikje bôlle foar en dêrnjonken sette se in fetsje mei sâlt. ‘Dit sâlt’, sei se, ‘is foar my it hillichste dat ik yn 'e hûs ha, hwant it is in oantinken oan myn heit’. En doe fortelde se dan, dat se in keningsdochter wie en dat har heit har fuortjage hie, omdat se him lyk stelde mei it needsaeklikste op 'e wrâld: it sâlt. ‘Ik ha dit sâlt meinommen út it paleis fan myn heit en ik haw it biwarre’. Doe koe de âld man har wer as syn dochter en hy bisefte, dat hja mear fan him hâldde as de oare dochters.
Hy is weromgongen nei de haedstêd en hat him bikend makke as de kening. It folk wie sa ûntofreden mei it regear fan syn twa dochters, dat se allegear wer efter him stean gongen. De beide dochters waerden fan 'e troan stjitten, de jongste krige it hiele keninkryk en har âlde heit is oant syn lêste libbensdagen by har bleaun.