ûnderkleed ta oantinken’. Dat hindere de tapytwever net, en hy snie der fuort in tippe ôf.
De pelgrim krige by it ôfskie noch in reispenning mei fan 'e sultan; dy winske him in foarspoedige tocht ta en lei him hurd op om yn 'e weromreis wer by him oan to kommen. Nou, dat koe skoan. Dat de pelgrim de oare kant út reizge koe de sultan mar better net witte. De tocht wie foarspoedich. Doe't er yn 'e bikende oarden kaem hâldde er him oerdei biskûl yn 'e bosken. Doe't it joun wurden wie socht er de skieppekoai wer op en kaem der as edelfrou wer út. De pelgrimsklean en de fioele brocht se biside op it plak dêr't de frouljusklean lein hiene.
It kastiel en alles hwat der by hearde hie se tabitroud oan in goede tsjinner en dy hie der tige noed fan stien. Yn har keamer naem se it tapyt fan it lewant en burch it út 'e wei. In dei of fjouwer letter dêr wie de ridder al. O heden - de flaggen op it kastiel en great feest! De edellju dy't mei him op krúsfeart west hiene, kamen der ek op ôf. Se wiene wol in bytsje skurf, omdat se him yn 'e striid yn 'e steek litten hiene, mar hy praette der net oer. De earste wiken snijde it roazen en anjelieren tusken de ridder en syn frou, mar doe kaem ien fan dy helden by him en sei: ‘Dou bist nou wol thús, mar hâldst dyn wiif wol yn 'e rekken?’ Sa en sa, se hie in skoft fan hûs west en der waerd grute, dat se mei in oare man omsloech. Hy woe der neat fan witte, mar hy fornaem der doch kwânskwize by it slotfolk nei, oft syn frou fuort west hie. Ja, dat wie sa en pas in deimannich foar him wie se thúskommen. Dat bisterke syn erchtinken, dat se net op har plak west hie, en doe't in oare buorman der ek al oer bigoun, fornaem er wol, dat elkenien de mûle oer har spielde. Dy jouns spriek hy der har op oan, mar se woe fan neat witte en hy kaem har eare sa to nei, dat se him elke forklearring wegere. Hja wie lilk en hy wie lilk; it roun op 't lêst sa hevich, dat er har deselde jouns noch fan it kastiel jage.
Se socht de forlitten skieppekoai wer op, dêr't se har wol in nacht en in dei rêdde koe. De ridder dwelme de oare deis sûnder doel troch it kastiel. Hy twivele oft er goed dien hie, it wie him allegear yn 'e wei en tsjin 'e joun siet er mismoedich by de hurd. Doe liet de wachter him witte, dat der in pelgrim foar de poarte stie en ûnderdak foar de nacht bigearde. Hy joech syn tastimming - licht koene se oer it Hillige Lân petearje en dat fordivedearre hwat. Doe't de pelgrim de holle troch de doar stiek, seach er fuortendalik dat it deselde wie dy't him de frijheit bisoarge hie. De fioele hie er op 'e nekke. De ridder ornearre, de pelgrim koe hjir joun wol hwat spylje, dan soe hy de buorlju dêromhinne tiding dwaen. ‘Ik ha wol ris in forhael oer jo dien’, sei er, ‘mar ik fornaem wol, dat se it amper leauden. Nou kinne se it ek ris út jou mûle hearre’.
Elkenien wie binijd, dat de slotseal rekke fol. En doe't de bekers ombrocht wiene, bigoun de pelgrim to spyljen. De hiele joun hâldde er it selskip ûnder bislach, sa spile er. Mar doe't it al let wurden wie, sette er de fioele oan 'e kant en gong flak foar de gasthear stean. Hy smiet syn pij ôf en dêrûnder droech er frouljusklean. Hy naem syn skulpehoed ôf en doe foelen de krollen oer de skouders. In stik fan in wollen lape hie er yn 'e hân. De ridder seach dalik dat it syn frou wie en bistoar. Dy't yn 'e slotseal sieten seagen it ek wol. Gjin wurd waerd der sein; stilwei roun de seal leech, hwant de lju skammen har foar de kwealaster dy't se op in baen brocht hiene.
Doe't der gjin minske mear yn 'e seal wie, frege se him: ‘Wie it nou trou, of wie it