Moarn ek hwat
Der wie ris in kening dy gong op in moaije dei út to kuijerjen. Hy fornuvere him yn it moaije waer; sadwaende rekke er eigentlik hwat to fier fan hûs en njonkenlytsen bigoun de mage him frijhwat to jokjen. Hy roun by in feart lâns en dêr foer in skipper. Hy frege: ‘Ha jo ek hwat foar my to iten?’ ‘Dat kin wol’, sei de skipper, ‘mar dan moatte jo earst in ein lûke’ (hy wist fansels net dat ik de kening wie). Ja, it bromde sire sa mâl yn 'e mage, dat hy tochte, dan moat ik mar yn 'e line, ik kin net foarby. Dat hy loek in ein en doe sei de skipper: ‘Nou kinne jo wol oan board komme om hwat iten’. Hy rekke yn 't foarûnder en dêr stie brea mei bûter en tsiis op 'e tafel. De kening smarde in stik brea en doe taestte er nei de tsiis om dêr in stik ôf to snijen. ‘Hui, hui!’ sei de skipper, ‘moarn ek hwat! Of bûter, óf tsiis’. Hawar, de kening iet brea mei bûter, de honger rekke oer en hy pandere nei hûs.
In skoft letter krige de skipper tynge troch in lakei, dat hy moast by de kening