De faem mei trije frijers
In faem hâldde der trije frijers op nei, dy't se om bar in sneintojoun komme liet. Dy feinten wisten it ek wol, mar elk foar oar hope, dat hysels noch ris de iennige wurde soe, hwant it wie in leidige faem. En elk syn kear bisochten se wer om har safier to krijen, dat se de oare twa dien joech. Mar dêr kaem noait hwat fan. Dat hie al in foech jier sa gongen, doe rekke it geduld by de feinten op. En doe op in sneintojoun sei de iene (Willem hjitte er): ‘Hoe komt it nou, fanke, bin ik de iennichste dêrst it mei hâlde silste?’ ‘Dat hat wol aventûr’, sei se, ‘mar ik moat earst witte datst genôch om my jowste en datst net bang biste fan in deade rôt, hwant skytsekken ha 'k in hekel oan’. Willem sei: ‘Ik hâld in hiel soad fan dy, en sa botte binaud bin 'k ek net. Nim de proef mar’. ‘Dan sil 'k dy krekt fortelle hwatst dwaen moatst. Hjoed trije wike moatst hjir op 't tsjerkhôf komme en in deakiste meinimme. En ast op 't tsjerkhôf biste, moatst in wyt lekken omdwaen, dan moatst yn 'e kiste lizzen gean en krekt tolve ûre moatst de roef oer dy hinne lûke. Fierder moatst mar ôfwachtsje hwat der komt. Ast dat nou oandoarste...’ ‘Och’, sei er, ‘dat is de gong mar’.
De oare sneintojouns kaem Gabe en dy hie itselde forhael mei de faem. Tsjin him sei se: ‘Dou moatst hjoed in fjirtjin dagen om kertier oer tolven nei it tsjerkhôf gean en in hammer en in steal kersepitten meinimme. Sa gau ast der biste moatst in wyt lekken omdwaen. Dou silst dêr en dêr in deakiste fine. Dou meist neat sizze, mar dou moatst dy kersepitten stikkenslaen op 'e plakken dêr't de skroeven yn 'e kiste moatte. Ast dat dien haste, giest op 'e kiste sitten en dou wachtest mar ôf hwat der komt. As de klok healwei ienen slacht, moatst mei de hannen gear en de holle foardel sitte en dy net mear forroere. En hwat der ek komt, dou moatst nearne om jaen. Ast dat folbringst sil ik dy foar kar nimme. Bangeskiters ha 'k in hekel oan, sjoch’. Dat naem Gabe oan, hwant hy woe de faem graech allinne ha.
De tredde sneintojouns kaem Hindrik by de faem. Dy hie syn nocht al lang fan sa'n treddepart forkearing. Tsjin him sei se: ‘It kin wol oars. Dan moatst takomme sneintonacht presys om healwei ienen op it tsjerkhôf komme. Foardatst troch de poarte gieste, dochst in swart kleed om. Dou moatst in lang kjetling, in bolletsjoar, by dy hawwe, mei in heak der oan. Dan moatst trije kear it paed om it tsjerkhôf rinne. It kjetling litst troch it grint en de núnders slepe. Underwilens hast wol sjoen, dat dêr in deakiste op it tsjerkhôf stiet en dêr sit in wite gedaente op. Dêr hoechst net bang fan to wêzen, hwant dy docht dy neat; hy bliuwt wol stil sitten. Dou moatst hinnegean en slach de heak yn it foarste hânsel. Dan kinst de kiste meislepe. Ik moat earst sjen datst dat folbringste, hwant ik wol in man ha dy't net bang is fan Sinteklaes’. ‘Nou, dat komt klear’, sei Hindrik; de faem wie it him wurdich.
De oare sneintojouns efkes foar tolven hie Willem de lege deakiste to plak tôge. Hy wist net dat de faem yn 'e toer siet en him troch de galmgatten op 'e kuer hie, mar hy bigriep wol, dat er op 'e ien of oare manier yn 'e rekken hâlden waerd. Dat hy gong yn 'e kiste lizzen en loek de roef oer him hinne. In kertier letter kaem Gabe en sloech syn kersepitten stikken. Doe lei Willem hielendal net lekker mear yn 'e kiste, hwant hy tochte, nou ha se my der yn bispikere. De klok fan healwei ienen is noch net kâld, of dêr komt Hindrik mei it swart kleed om it tsjerkhôf op en rint, it kjetling efter him oan, mei de sinne om, krekt as hwannear't se immen bigrave. En dan komt er oan 'e oare kant fan 'e tsjerke en dêr sjocht er dy kiste stean. Nou,