Dat is foar heit...
Der wie ris in man, dy hie mar ien soan. Doe't de âld man syn frou forlear, bleau de jonge by him yn 'e hûs. In jiermannich letter krige de soan forkearing en de jongelju trouden by him yn. De earste jierren gong it ridlik, mar de âld man waerd krebintich en koe himsels net al to bêst mear rêdde. Hy krige de ridel yn 'e hannen en soms wie er nachts net hielendal skjin mear. Dat gong sa in jier of tsien troch en doe wie de âlde der oer en tofolle. Hy mocht net mear oan tafel ite, mar krige, krekt as in houn, in houten nappe om der út to slobberjen. It bigreate de frou om it skoandere bêddeguod en dêrom leine se him yn it hokje njonken de fjûrhutte op hwat âlde sekken en krige er in âld forsliten hynstetek oer. As er tsjinaksele, waerd er mei in pear snauwen en grauwen en mei ûnfoege flokwurden to plak set.
De soan hie sels trije bern by de frou. Op in kear kaem er yn it klompehok, dêr't de bern oan it boartsjen wiene. De âldste jonge siet oan in mânsk stik hout to fykjen en hy frege him, hwat er dêrfan meitsje woe. De jonge sei: ‘Ik meitsje in nappe, dêr't heit letter út slobberje kin, as ik great bin!’ It famke siet mei in greate stopnulle âlde hounesekken oanelkoar to pongjen en sei: ‘Ja heit, en ik meitsje foar heit al in moaije tekken fan 'e âlde sekken, dêr't de houn doch net mear op lizze wol!’ De lytste jonge siet op it hakblok. Hy bisocht om swarte gesichten to setten en makke binnenmûls rare gelûden. De man frege hwat dat to bitsjutten hie en it jonkje antwurde: ‘Ik lear mysels it flokken, heit; dan kin 'k letter noch better tsjin heit flokke as heit nou tsjin pake docht!’
Dy jounes iet pake wer út in board by de tafel en sûnder dat der ek mar ien forkeard wurd foel, sliepte er wer tusken skjinne lekkens en ûnder waerme tekkens yn it bedsteed yn 'e keamer, en dat is oan syn dea ta sa bleaun.