har hiene, fornamen se wol dat se de goede kant opgongen. Se krigen suver hoop dat se sa yn 'e skatkeamers komme koene, mar doe't se al in hiel ein hinne wiene, rounen se doch stomp. ‘Nou’, sei de heit, ‘it is de baes en bisykje om sa fierder to kommen, mar dan joun by tsjuster’. Dat se joegen har ôf en kamen de jouns wer mei in lantearne en brek- en graefark. Se wrotten fierder, mar de groun en stiennen dy't se forsetten, moasten nei bûten tôge wurde, omdat se dy oars net kwyt koene. Sa kamen se in pear meter foarút, en doe foel it yn. Mar doe't se romte makke hiene, stiene se wer yn in hoale, in soarte fan kelder. It like wol, oft hjir alear in flechtgong west hie, dy't tichtgoaid of tichtsakke wie.
Se rounen wer in ein fierder en dêr kamen se foar in muorre. Mar yn 'e rin fan 'e tiid wie it semint hwat forwettere, dat se koene de stiennen der maklik út wrikke; de muorre wie wol in meter tsjok, mar mei gauwens hiene se in gat makke dêr't se rejael troch koene. Der wie hjir hwat mear romte, sadwaende koene se de stiennen tsjin de muorre oploegje. Oan 'e oare kant kamen se yn in forwulf en dêr rounen treppens nei boppen ta. De heit gong foarop. Dêrboppe founen se in lûk en doe't se der tsjinoan drukten, joech it mei. Doe stiene se yn ien fan 'e skatkeamers. It wie allegearre goud en sieraden en edelstiennen. Se biseagen de boel ris goed, mar se kamen nearne oan en diene it lûk wer goed ticht. De oare jouns kamen se werom; doe hiene se sekken meinommen en dêr pakten se safolle yn as se mar by mooglikheit sjouwe koene. Se moasten in pear kear hinne en wer troch it nauste gat om alles bûtendoar to bringen, en mei in pear swiere sekfollen swaeiden se ôf. ‘Nou binne wy frij om oait wer in slach to dwaen’, sei de heit foldien.
Lykwols, it duorre mar in deimannich doe krige de jildkoarts de heit to pakken. Hy sei tsjin de soan, dat se der noch mar ris hinne moasten. Dêr hie de soan net folle bistek op - it wie him to noedlik. Mar de heit sei: ‘Se komme alle dagen net yn dy skatkeamers. Dêr ha se noch neat fan fornommen. En och, dat bytsje dat wy meinommen hawwe, is de muoite fan it neamen net iens wurdich’. De soan liet him biprate. Doe't se der wer kamen stie alles noch krekt sa't se it litten hiene en se namen wer in steal mei. ‘Mar nou flik ik him dat net wer’, sei de soan, ‘wy ha nou mear as wy yn ús libben by mooglikheit op kinne’. ‘Né’, sei de heit, ‘dat dogge wy nou net wer’.
Mar der forrounen wer in deimannich oer, doe slikke de heit him al wer om 'e mûle, sa'n sin hie er oan noch mear. Dat hy sei tsjin de soan: ‘Wy moatte der noch ien kear hinne, jonge, en dan nimme wy dat en dat mei’. Hy neamde fan dy prachtige gouden, mei edelstiennen bisette sieraden op, dy't se dêr sjoen hiene. De soan liet him wer biprate en se hellen de bisûndere sieraden op dêr't se it op foarsjoen hiene. Mar hwat woe it gefal? Der wiene sieraden by dêr't de kening mar ien fan hie. Dy woe er wer ris sjen, mar doe't hy der kaem, wiene se fuort! ‘Hjir ha mûzen west’, sei er, ‘dit komt net goed’. De keningin woe him dat noch ûntstride. ‘Och’, sei se, ‘hoe soene hjir dieven west ha? Der sit ommers net ien yn 'e falle - it is glêd ûnmooglik. Dou silst it dy wol forbyldzje, of se lizze op in oar plak. Dou witst sels net, hoefolle ast haste’. Doe bigoun de kening ek al hwat to twiveljen.
De heit en de soan wiene nou sa ryk, dat al waerden se sa âld as Methusalem, dan koene se noch yn oerfloed libje. Mar likegoed krige de heit de soan wer safier, dat se der noch in kear hinne stieken. Doe miende de kening wer hwat to missen en doe't er alles ôfsocht, foun er in pear goudstikken op 'e groun, dy't de mannen weibrocht hiene. Dêr moasten se wol út opmeitsje, dat de dief troch dy en dy doar