It waerd in jongeman en hy krige trouplannen. Altyd hie syn wurk yn oarder west, de boer woe wol ris hwat weromdwaen. Nou wie dy boer tsjerkfâd, en doe't se dêr in nije koster-deagraver hawwe moasten, sei er tsjin syn feint: ‘As ik dêr mei de oare tsjerkfâdden oer praet, kin ik it miskien wol foarinoar skipperje, datstou dat plak krigest. Dan hast in kreaze went, fêste fortsjinst, en de tiid dyst oer hast kinst altyd wol oanslach by my krije’. Nou, dat like de skipperssoan wol goed ta.
Dêr waerd op 'e gearkomste fan tsjerkfâdden oer praten. Se koene de jongeman allegear wol en gjinien hie hwat op him tsjin. Mar, der wiene al in pear dy seine: ‘Foar't wy him oannimme, moatte wy doch efkes mei him prate. It stekt noch al nau mei de grêfregisters en al dy dingen mear. Dêr moat er him al mei redde kinne’. Dat hy moast op 'e oare gearkomste fan 'e tsjerkfâdij komme en doe fregen se him: ‘Dou kinst doch wol knap lêze en skriuwe, is 't net?’ Hy sei: ‘Né, myn eigen namme kin 'k sette, en as ik him yn drukletters stean sjoch, kin 'k him ek ûntsiferje, mar dan ha jim it hawn. Sjoch, ús heit wie skipper, wy foeren dan hjirhinne, dan dêrhinne. Op skoalle ha 'k noait gongen en ik ha letter ek gjin kâns sjoen en lear it’. Syn boer sei: ‘Och, dat rêdt him wol’, mar de oaren seagen der biswier yn. Dy seine: ‘Né, dit komt net goed. Dy grêfregisters dêr sit safolle oan fêst, mei al dy eigeners en mei dat forjierjen, folle net genôch. Né, wy doare dit net oan’. Dat der waerd in oarenien bineamd as koster en deagraver en dat foel de jongeman dy't gading makke hie bitter ôf. It wie mar justjes letter, doe sei er tsjin syn boer: ‘It foldocht my hjir net mear. Né boer, jo kinne der neat oan dwaen, dat witte wy wol, mar myn oansteande en ik, wy hawwe in pear sinten oergarre, wy geane nei Amearika’.
Dy twa jonge minsken reizgen oer it greate wetter en hy bigoun oan 'e oare kant wer as boerefeint. Mar hy hie al ridlik gau safolle dollars oerfortsjinne, dat hy koe foar himsels in pleats keapje - soks gong dêr doe frijhwat hurder as it by ús altiten gong - en hy buorke sa goed dat hy koe ek al mei gauwens sa tydlingswei jild oermeitsje, dat er fêstsette liet by in notaris op it Hearrenfean. Hy liet Hepkema's krante altyd oerkomme - de frou koe lêze en skriuwe, dat hy wist moai krekt hwat der omgong yn syn âld kontrei, de forkeapingen en alles gongen se nei. En doe stie der in pleats yn 'e krante yn 'e Streek. Hy sei: ‘Jonge, dy pleats ken ik; dêr is in moaije kavel bêst lân by’, en hy joech de notaris opdracht, om foar it jild dat er by him stean hie, dy pleats to keapjen, to minsten as er net al to heech kaem. Dat by it ôfrinnen, de palmslach, kocht de notaris de pleats ‘voor nader te noemen lastgever’ en dat die bliken de jongeman út Amearika to wêzen.
Der kaem in goede boer op, dy't op 'e tiid de hier bitelle en dat jild gong ek wer nei de notaris. Doe, nei forrin fan jierren, bigoun de man yn Amearika it der hwat rommer en frijer fan to nimmen en hy woe ris mei de frou yn Fryslân sjen. Hja sochten syn en har folk op - hy hie ek al ris guon holpen mei jild ûnder in skip en sa - en doe gong er ek in kear nei de notaris op it Fean ta. Dêr waerd er suver ynhuldige. De notaris sei: ‘Jonge-jonge, ik koe jo al sa lang fan namme, wy wiene by wize fan sprekken goekunde fia de post - ik bin bliid dat ik jo nou ris alle biwizen fan myn bihear foarlizze kin. Sjoch, hjir ha jo it swart op wyt. Ik ha in apart boek foar jo oanlein; wolle jo it allegear efkes neigean?’ Doe sei de man: ‘Notaris, ik bin op jou goede namme ôfgongen en it hat altyd yn oarder west. Jo moatte my mar fortelle hwat jo kwyt wolle. It spyt my wol, mar ik kin lêze noch skriuwe - ja, myn namme kin 'k sette, dat witte jo, mar dan hâldt it op’. Doe sei de notaris foar de twadde kear: ‘Jonge-jonge!’ en diskear fan forbazing. ‘Jonge-jonge!