doe't de prins alle kriichssaken mei him oerlei, die it bliken dat syn suster net tofolle sein hie.
En doe krigen se tiding dat de oare kening wer bigoun to oarlogjen. Se makken in goed kriichsplan klear, mar de fijân brocht safolle folk yn 't fjild, dat de slach bleau kamp, forlieze diene se it eigentlik ek net. Se loeken har soldaten hwat werom, mar se hiene mar in bytsje folk forlern, de forliezen fan 'e fijân wiene ûnwiten folle greater. Mar doe't se de jouns wer rieplachten, sei de ofsier tsjin 'e prins: ‘Dit spul hat luzen. Dat leger is net fan 'e kening allinne. Dy hat help hawn’. ‘Mar hwa kin dêr de hân yn ha?’ ‘Der kom ik wol efter. Ik forlit jo nou, mar ik kom mei gauwens wol wer opdaegjen’. Se forklaeide har wer as frommis, se sette it fjild yn en gong as marketintster de troepen fan it leger fan 'e fijân bylâns. En doe kaem se der dan efter, dat de kening mei hwaens dochter de prins forloofd wie, mei de oare kening ûnder ien tekken spile en syn dochter wie ek al stikemwei great mei him, hwant it wie in jonge kening en noch frijfeint. It doel wie nou om de trije riken to forienigjen. Dat waerd se allegear gewaer en ek hoe en hwannear't se wer in fjildslach leverje soene.
Doe op in goede moarn, dêr wie de ofsier wer by de prins en brocht him op 'e hichte fan alles dat er to witten kommen wie. Hy sei: ‘Wy moatte net wachtsje dat se ús oanfalle, hwant dan binne wy forlern’. De prins seach der wol tsjinoan, mar hy hie gjin kar. De fijân hie yn 't sin, om harren de oare moarns, as de dei oan 'e loft wie, to oerrompeljen en yn ien kear it hiele keninkryk yn to nimmen, mar doe't it hinne en wer in lyts bytsje skimerich bigoun to wurden, foelen de prins en syn ofsier, dy't er ûnderwilens generael makke hie, mei in lyts leger oer de iene fleugel fan 'e fijân gear. Se kamen harren sa oer 't mêd dat se hals oer de kop flechtsje moasten en doe koene se in oar part fan 'e tsjinstanners fan in kant binei komme dêr't se net op rekkene hiene. Se forstruiden it hiele leger fan de beide keningen, dat dy hiene de macht út. Se teagen ek fuort op en bisetten it hiele keninkryk fan de falske kening. Dat dy flechte mei syn dochter nei de oare kening. Dy syn leger wie ek forneatige, dat hy moast wol in fredesfordrach slute; hy rekke in moai stik fan syn lân kwyt en moast in hege skatting bitelje.
Yn it forovere lân lieten se in bisetting efter, en doe sei de generael tsjin de prins: ‘Ik jow my nou earst mar ôf - mochten jo al wer forlet fan my krije, dan dogge jo my mar tiding. Ik gean werom nei ús heite pleats, hwant dêr bin ik mear as nedich’. ‘Der bin ik net bjuster mei ynnommen’, sei de prins, ‘ik woe dy hertoch meitsje oer dat forovere keninkryk’. ‘Dêr bin ik wol wiis mei’, sei de generael, ‘mar it is better as jo dy en dy oanstelle’ en hy neamde in fortroud man. By it ôfskie sei de prins tsjin him: ‘Ik soe doch fordealde graech witte, hwer't dyn suster bidarre is’, hwant hy hie him al lang ûtkloarke oer syn suster en oer de húshâlding thús. Se hie him fan 'e dea rêdden, sei er, dêrom woe er har noch graech ris treffe. Mar hy fortelde net, hoe't dat der foar stie. ‘Nou’, sei de generael, ‘mocht se thúskomme, dan sil ik it boadskip oerbringe, mar koartlyn wie se noch net thús, hat ús folk my witte litten’.
De generael reizge nei hûs, mar foardat er dêr oankaem, die er de frouljusklean wer oan. Nou, it stie der wakker by, dat se har bihâlden wer thús hiene. Mar doe fortelde se dan ek dat se mei in fette baerch thúskaem. Dêr wiene se minder oer to sprekken, mar ja, it hie oarloch west en dan as frommis yn 't leger - miskien hiene se der sels wol skuld mei oan, mei't se har gean litten hiene. ‘Jimme hoege nearne