De wanneljende joad
Doe't Jezus de krúswei nei Golgotha gong, koe er op in stuit net mear en sakke troch de knibbels. Dat barde krekt foar de doar fan in skuonmakker. In Romeinsk soldaet woe dy skuonmakker it krús fierder drage litte, dan koe Jezus hwat bikomme. Mar de joad sei: ‘Hy hat altyd al om syn krús frege. Nou't er it krige hat, moat er it ek mar drage. Hwat prate jo fan bikommen! Liz de swipe der mar oer, dan rint er wol. Ik ha gjin tiid’. Jezus sei gjin wurd en seach de skuonmakker allinnich mar oan. Hy naem it krús wer op en gong stap foar stap de wei op nei Golgotha.
De skuonmakker koe it net litte en eagje him nei, krekt salang oant er út it gesicht fordwoun wie. By elke stap dy't Jezus fan him ôf gong, seach er syn eagen fol fortriet klearder foar him en wie syn eigen dwaen him mear yn 'e wei. Op it lêst koe er it net mear bankje en roun er Jezus efternei, om it krús fan him oer to nimmen. Doe't er op Golgotha kaem, hinge Jezus al oan it krús en hearde er him roppen: ‘Myn God, myn God, hwerom hawwe jo my forlitten?’
De skuonmakker gong wer nei hûs, mar rêst koe er net mear fine. Deselde nachts slûpte er nei Golgotha om it krús dêr't Jezus oan stoarn wie út 'e groun to heljen en op 'e skouders to nimmen. Mar doe't hy der kaem, stiene de twa bûtenste krusen der noch, mar it middelste, dêr't er oerdei Jezus oan hingjen sjoen hie, wie der net mear. De oare moarns die er rounom neifraech, mar der wie gjin minske dy't him wizer meitsje koe.
Hy socht de omkriten ôf en teach hiele Israël troch, mar oeral dêr't er de lju oer Jezus' krús bigoun to freegjen, spuiden se foar him op 'e groun, gniisden him út, stieken him de gek oan, smieten nei him mei drek en wegeren him iten, drinken en ûnderdak. As er net gau makke dat er fuort kaem, krige er mei de swipe, smieten se mei stiennen en trapen him yn 'e toarnebosken. Al mar fierder socht er en einlings kaem er yn frjemde lannen torjochte. Freegje nei it krús fan Jezus doarst er al lang net mear, hy liet it by sykjen. Mar it like wol oft de hiele wrâld wist hwat der mei him bard wie. Al sei er gjin wurd en klaeide er him as elk oar minske, rounom waerd er skoudere en tamtearre. Tûzen kearen winske er dat er dea wie, mar hy hâldde it libben en oan syn lijen kaem gjin ein.
Sa swalket er hjoed de dei noch oer dizze ierde en nearne is rêst of frede foar him weilein. Jezus' krús kin er net fine, hwant God sels hat it út 'e groun fan Golgotha nommen en it as teken fan de oerwinning fan syn soan op de dea oan de himel set. Yn stjerheldere nachten kin elkenien it oanskôgje en it farrensfolk fynt syn paed oer de séen as it sjocht nei it Suderkrús.