De Hillige Famylje op 'e flecht nei Egypte
In ingel warskouwe Jozef en Maria, doe't Herodes alle bern dy't sa âld as Jezus wiene formoardzje litte woe. Se krigen de rie om op stel en sprong nei Egypte to flechtsjen. Omdat der oars gjin ûntwyk wie, naem Jozef de ezel, sette Maria mei it bern der op en stiek ôf de woastyn yn. Der hie gjin tiid mear west om iten en drinken mei to nimmen en nettsjinsteande syn bitrouwen op Gods help seach Jozef it tsjuster yn. Mar Maria twivele net en reizge sûnder eangstme de woastyn yn. Doe't se de middeis ûnder in figebeam útrêstten en lytse Jezus syn hantsjes omheech stiek, bûgde de beam syn tûken nei ûnderen en liet syn fruchten ploaitsje. De nacht foel en hja sochten tusken de sealjebeammen hwat lijte. Doe bûgden dy beamkes har tûken as in tinte om harren hinne en kearden de wyn en de kjeld.
Herodes' soldaten wiene der op útstjûrd om Jozef, Maria en Jezus yn de woastyn to sykjen, mar de tjirken slepen mei de wjukken troch it sân, sadat der gjin fuotprint to finen wie om de soldaten it spoar to wizen. De sweltsjes fleagen de Hillige Famylje as paedwizers foarút. Doe't se midden yn 'e woastyn wiene, kamen de soldaten sa ticht by dat Jozef de ezel in ravyn yn dreau om in skûlplak to sykjen, mar it roun dêr dea en der koe noch gjin mûs út 'e wei krûpe. Doe't Jozef syn rie to'n ein om him hinne seach, rikte Jezus nei in glinsterjend stikje stien. En op itselde momint gongen de rotsen iepen en lei der in djippe hoale foar har. Sadré't se dêryn wiene, kamen der hûnderten spinnen to foarskyn en weefden de iepening ticht. Doe't de soldaten it ravyn yn gongen, founen se de yngong fan 'e hoale wol, mar omdat dy fol spinreagen siet, ornearren se, dêr soene de flechtlingen grif net yn sitte. Doe joegen de soldaten har del foar de hoale om to oernachtsjen.
Jozef, Maria en Jezus hiene neat to iten en to drinken, mar troch allerhanne gatsjes fleagen de bijen yn 'e hoale en brochten Jezus hunning. De fûgels fleagen der ek yn en leine der aeijen. De hagedissen kroepen doe't it tsjuster wurden wie nei bûten, garren daudrippen op 'e rêch en droegen se der yn. It winterkeninkje loek fearkes út syn boarst en makke Jezus in widske. En doe't yn 'e hoale de hjitte net mear út to hâlden wie, kamen de flearmûzen, trillen mei de wjukken en soargen foar koelte. Doe't Jezus súntsjes bigoun to skriemen, tsjitteren de sweltsjes sa lûd as se koene, en de dieren yn 'e woastyn bigounen tsjin 'e moanne to spoekgûlen, dat de soldaten him mar net hearre soene.
Doe't de forfolgers fuort wiene, is de Hillige Famylje fierder tein en de dieren soargen ek ûnderweis dat it har oan neat ûntbriek.
De tjirken sleepje noch altyd mei de wjukken byhwannear't der gefaer is; de spinnen hawwe in krús op 'e rêch krige; de figebeam bûcht noch altyd syn tûken foar dejinge dy't honger en toarst hat; de blêdden fan de sealjebeam bihoedzje foar kjeld