hie ek ryklik drank yn 't liif; sa swalke er yn neare nacht oer de modderige paden nei hûs. Hy wie des duvels, út en troch brûkte er grouwe flokwurden. By in daem bleau er stean, sette de fioele oan 't kin en bisocht hwat oars to spyljen. Mar hoe't er syn fingers ek op 'e snaren sette, hy krige der gjin oare wize út.
Doe't er lang om let oer de drompel stroffele, sei er: ‘De duvel mei my helje, mar leare sil ik it!’ De wurden wiene noch net kâld, of de duvel, yn in wolk fan swevel, sprong op him ôf en smiet him mei fioele en strykstok de hichte yn. Hy stoude de duvel oer de hoarnen hinne en plofte him op 'e rêch. ‘Spylje!’ sei de kweade, ‘spylje siz ik dy!’ Tabe sette de fingers wer op 'e snaren en doe't er de strykstok der oer helle, spile er it iene stik nei it oare. ‘Ik ha wurk foar dy’, sei de duvel en mei Tabe op 'e rêch fleach er nei in âlde klinte op 'e heide ta. Dêr wie in nuver selskip gearkommen. Der wiene kreaze froulju, mar ek forlopen sûpers, moardners, dieven, en sels in pastoar dy't net fan 'e froulju ôfbliuwe kinnen hie. De duvel sei: ‘Dit binne allegearre lju dy't my har siel forkoft hawwe; se meije foar it lêst feestfiere’. Nei in wylde nacht, dat der oan ien stik troch sûpt waerd en Tabe spile as in duvel, waerd er troch syn nije master nei hûs brocht. De kweade sei: ‘Nou kinst spylje as in duvel. Takommende nacht helje ik dy foar in oar feest. Dou hoechst der mar in bytsje mear by to learen, dan kinst foar altyd yn 'e hel spylje’.
Tabe waerd de oare moarns wekker mei barstende pine yn 'e holle. Hy tocht earst noch dat er in ôfgryslike nachtmerje hawn hie. Om de sinnen hwat to forsetten pakte er de fioele, mar doe bisaude er, hwant hy koe spylje hwat er woe. Op 't lêst fortelde er alles oan syn âlde mem. Dy sei net folle, mar krige har bibel en gong sitten to lêzen. Tsjin 'e joun sei se tsjin Tabe: ‘Ik haw der ris oer neitocht, en mei Gods help kinne wy de duvel oan. As er aensen komt om dy to heljen, moatst gewoan meigean. Sadré ast spylje moatste, spilest de wize dy't ik dy nou foarsjonge sil’. Mei har triljend lûd song se in liet mei in prachtige wize, en sûnder him ek mar ien kear to forsinnen spile Tabe it nei. Syn mem gong yntiids op bêd en presys om tolve ûre stie de duvel by Tabe yn 'e keamer, hyste him op 'e rêch en naem him mei.
Se fleagen nei it greate hûs fan in smoarrike feanbaes. Dy hie syn siel en sillichheit forkoft om macht to krijen. Omdat macht en jild broer en suster binne, sûge er syn arbeiders it murch út 'e bonken. Se kamen yn in keamer sa rom as in seal; dêr wie in selskip byinoar fan inkeld de alderryksten út de hiele omkrite. Der sieten lju fan adel, notarissen, abbekaten, rike útsûgers lyk as de feanbaes sels, en allegear healneakene froulju. Der waerden greate kisten binnenbrocht en doe't se dy iepenmakken, kamen der kostbere tsjerkegewaden út en út oare kisten gouden en sulveren tsjelken, dy't stellen wiene fan 'e alters. Elk moast sa'n gewaed omdwaen, hwant der soe in misse fan 'e satan hâlden wurde; út de tsjelken en út stellene skalen soe sûpt en iten wurde. Der waerd in swarte bok binnenbrocht, dy't troch de duvel sels slachte wurde soe en elk fan de gasten moast fan it bloed drinke.
De duvel sette Tabe op 'e tafel, krige it slachtmes yn 'e hân en sei: ‘Spylje, siz ik dy! Spylje, sa't ik it dy leard ha!’ Tabe naem de strykstok, brocht de fioele oan it kin en sette mei foarse streken de wize yn dy't syn mem him foarsongen hie. En op datselde momint klonk der in freeslik gejammer en geskreau om him hinne; der kaem in swiere tongerslach en doe't Tabe wer by syn forstân kaem, lei er op 'e rêch yn 'e heide. De feanbaes syn hûs, mei alles hwat der yn wie, brânde as pik en swevel. Doe't Tabe yn it holst fan 'e nacht thúskaem, lei syn mem op stjerren. Hy