De âld man en de Dea
Der wie in houtkapper, dy kaem op hege jierren. Mar hy wie deis altyd noch yn 'e bosk oan 't wurk, ja hy moast arbeidzje sa hurd as er koe om in deihier to meitsjen. Jouns naem er de deade prikken mei nei hûs om se op to stoken. Op in kear dat er gâns in dracht op 'e nekke hie - hy moast in hiel ein rinne - waerd it him tofolle mânsk en hy tocht by himsels, ik moat earst mar efkes útpûste. Hy hie syn takkebosk delsmiten en dêr siet er mei de rêch tsjin in beam oan. Hy soarge der slim tsjinoan om fierder, dat hy sei by himsels: ‘Hei, ik woe dat de Dea mar kaem en helje my út dit earme libben wei, hwant dit is ek neat. It wurk wol net mear en nou stiet de earmoed foar de doar’. ‘Ha jo boadskip’, hearde er in stimme sizzen. ‘Ja’, sei er, ‘ik ha wol boadskip’. Doe sloech er de eagen op en seach de Dea foar him stean mei de seine yn 'e hannen. Blikstiender! ‘Nou ja’, forfette er, ‘dat sit si-sa: dit bosk hout ha 'k nêst my dellein, dêr bin ik by sitten gongen en nou kin 'k dat mei gjin mooglikheit wer op 'e skots krije, dat soene jo my nou efkes helpe wolle?’ ‘Dat wol ik wol dwaen’, sei de Dea en lei him it bosk takken wer op 'e nekke. Hy sei der by: ‘En nou soe 'k doch mar foarsichtich wêze en noegje my net wer sa gau út’. De houtkapper makke dat er thúskaem. Hy hie yn gjin jierren sa goed rinne kinnen.