De segen
Yn 'e omkriten fan Burgum wenne in boer, dy donge syn stik boulân ûnfoech, ûnfoech.
En doe gong dêr in mantsje lâns, dy seach dat en sei: ‘Nou, mei Gods segen kinne jo dêr in skoane frucht fan forwachtsje’. ‘Ik segenje it sels, mei de donggripe’, antwurde de boer. Mar it waerd in tige wiete simmer, dat de rogge dy't er op dat stik boude, skeat troch en forrotte, trochdat it gewaeks fiersto geil wie.