De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 187]
| |
har wurde. It rjocht moast der oan to pas komme. Beide moasten se, steande op it stik lân, swarre dat se op eigen groun stiene. De iene broer lykwols wist mâlle skoan dat er in falsk spul spile. Op 'e dei dat de saek ta in útdragen ein brocht wurde soe, bijoech er him nei it stik lân op klompen fol modder fan syn eigen groun. Earst wie syn broer oan bar. Dy stiek frijmoedich twa fingers yn 'e hichte en lei de eed ôf. Der barde neat. Drystwei stoep doe ek de man mei de modder yn 'e klompen nei foaren. Mar hy hie net fornommen, dat er in gat yn 'e soal fan 'e rjochterklomp hie en dat de modder der stadichoan út rûgele wie. Hy stiek twa fingers omheech, mar de wurden fan 'e eed wiene him amper oer de lippen, of beide fingers baernden der ôf en hysels foel bûten westen del. Doe't er wer ta himsels kommen wie en de rjochters him ûnderstiene, foel er samar troch de koer. |
|