Op hwa kin men bêst bitrouwe?
Twa bidlers sieten der op in joun yn har sliepsté oer to striden, op hwa't se it meast oan koene en hwa't har it bêst bihannele - Us Leaven Hear of de kening. De iene bidler hâldde it op 'e kening en de oare sei: ‘As it nypt en noch ris wer nypt, dan is Us Leaven Hear de bêste’. Dêr gong de earste wer tsjinyn: ‘Dat wit ik wol better. Doch mar ris in gebed foar in lege panne, dêr wurdt er net fol troch’. Dêr sieten gâns oare bidlers omhinne; dy hiene der wakker niget oan en praetten der fierder fan. Sa hearde de kening it forhael ek fan syn hovelingen. Se fortelden him, dat dyselde twa bidlers altyd op in fêste dei oan it paleis kamen om in jefte of hwat iten op to heljen. Doe ornearre de kening, dêr moasten se ris in grap fan ha.
De earstfolgjende kear dat de bidlers op it paleis kamen to skoaijen, krigen se elk in brea fan 'e kening, mar dat fan de iene wie folle lytser en lichter as de oare sines. De bidler dy't it measte bitrouwen yn de kening stelde, hie it lytste krige. En dat wie ek net tafallich, hwant it wie har persoanlik oerrikt en der wie by sein: ‘Dit brea is foar jo ornearre’. Ja, dat trof nou mar mâl, hwant dy't it lytse brea hie wie in greate iter en de man mei it greate brea wie mar in lytse iter. De bidler dy't miende dat er it minst wei kaem, doarst der net heal hwat fan sizze, mar doe't se har togearre ôfjoegen, koe er him doch net stilhâlde. Hy prottele: ‘Dou stiest, sa't it liket, yn in better bledtsje as ik. En nou hâldde ik it noch wol op 'e kening’. Syn maet moast der wol om laitsje, mar hy hie noait net folle honger, dat hy sei rejaelwei: ‘Lit ús mar ruilje fan brea - sa'n forlet haw ik net fan dy greate hompe’. En sa ruilen se. Doe rekken se byelkoar wei, hwant se bilânnen by in pear boeren, dy't wol ien slieper hâlde woene mar gjin twa.
En hwat woe doe it gefal? Doe't de man dy't nou it lytse lichte brea hie, it oansnie, rôllen der forskate goudstikken út. Koart dêrnei trof er syn maet wer en doe sei er: ‘Ik hie myn bitrouwen doch wol yn 'e rjochte steld’. En hy fortelde hwat