muoite mei hie om to folbringen hwat him opdroegen waerd. Hy sei: ‘Dou moatst ris by my komme, dan sil ik dy in mannich dingen sjen litte’. En doe toande de Heare him hwat der bard wie, byhwannear't de Dea syn wurk net dien hie.
Earst liet er de mem en it bern sjen, beide yn libben bleaun. It bern hie syn forstân net, en de mem waerd fan fortriet net goed mei de holle. Hy liet ek sjen, hoe't it kommen wie as de Dea allinne it bern helle hie. Dan hie de mem harsels fordien, út birou oer in sûnde dy't har allang forjown wie.
Twad liet er sjen, hoe't it mei de faem kommen hie, byhwannear't se yn libben bleaun wie. Hja wie ynskrabbich en habsuchtich wurden en in troch-forkearden, dy't mei in oare man omsloech en har eigen forgiftige.
Tred en to'n lêsten toande er de soan, dy't syn mem, foardat se noch wei wie en wylst se noch by kennis wie, op har stjerbêd de earbellen út 'e earen en de ringen fan 'e fingers helle, it jild út 'e kast naem en har iensum en forlitten stjerre liet.
En doe sei de Heare tsjin de Dea: ‘Dou kinst net oardielje oer hwatst dochste. Foar dizze skriklike dieden hiene dy minsken foar ivich forlern west en nou hawwe se tominsten de kâns net krige om se to dwaen’.