De duvel en de smid
Der wie ris in smid yn it lân, dy hold himsels foar de bêste smid fan 'e wrâld. Hy liet ek in spreuk boppe syn doar sette dy't dêr op delkaem. Dat woe de duvel him ris ôfleare. Hy gong nei him ta en frege: ‘Kinne jo ek in feint brûke?’ It like de smid sa wol in handige feint ta, dat hy sei: ‘Jawol, ik kin dy wol brûke’.
De feint hie in skoftsje by de smid wenne, doe kaem der op in dei in rydtúch oan mei in gleon hynder der foar en in alderaeklikste keardel siet der yn. Dy wie gleonhastich en die oars net as driuwen. Hy sei: ‘Dat hynder moat in izer ûnder ha’. It hie ien hoefizer forlern. Doe gong de feint hinne en snie efkes de poat ûnder dat hynder wei. Dy sette er yn 'e bankskroef, sloech der in izer ûnder en sette him doe wer oan it hynder. Sa koe de hastige man mar wer fierder ride, it wie allegear yn oarder.
Doe tochte baes smid: Blinderker! As hy dat kin, dan moat ik my skamje. Dat moat ik ek kinne! Efkes letter, dêr kaem wer in rydtúch oan. En wer miste it hynder in izer. Baes gong ek hinne en snie de poat der ôf. Hy sette him yn 'e bankskroef en sloech der in izer ûnder. Mar doe't er dêrmei klear wie, koe er him net wer oan it hynder sette. Dat doe hie de duvel him to plak set.