It adres
De Dea moast ris immen ophelje, dy't noch yn 'e fleur fan syn libben wie. Doe't er oan it adres kaem dêr't er wêze moast, kaem de man him tafallich yn 'e doar tomjitte. Doe sei de Dea: ‘Nou, ik kin 't noait better treffe! Dêr ha 'k dy al - nou hoech ik net by dy yn 'e keamer. Dou bist doch dy en dy?’ ‘Né, wrychtich net!’ sei de man, en hy neamde in oare namme, hwant hy seach wol hwa't er foar hie. ‘Jo binne nou op nûmer fyftjin en jo moatte op nûmer fiifentweintich wêze. Dêr sitte se op jo to wachtsjen’. Sjoch, op nûmer fiifentweintich wenne in útlibbe âld man. Nou, de Dea seach forheard op - se wiene oars altyd goed sekuer yn 't opjaen fan it adres. Mar hy joech him doch ôf en socht it oare adres op. Mar de yneine âld man hie in oare namme. Hy hie bêst mei wollen, mar de Dea hoegde him noch net.
De man dy't de Dea forrifele hie, tochte by himsels, ik moat as de blinder út dizze strjitte wei to wenjen, ear't de Dea yn 'e rekken hat dat er doch oan it goede hûsnûmer wie. Dat hy forhuze op slach en liet gjin adres efter. De Dea kaem ek mei gauwens werom en doe pakte er de nije biwenner fan it hûs. It like wol, dat it doch mear op it hûs oankaem as op de man.