De trije fragen fan de duvel
Der wie ris in widdoufrou, dy hie in lyts jonkje fan twa jier. Op in kear siet se der raer ta - se móást in skuld bitelje, mar se koe by gjin mooglikheit oan jild komme. ‘It wie my likefolle hwer't se wei kamen, as ik mar sinten krige’, rôp se, ‘al wie 't ek fan 'e duvel!’ En doe kaem de duvel. Hy sei: ‘Hwat moatte jo brûke?’ Nou, sa en safolle. Hy sei: ‘Dan jow ik jo it dûbele, mar as jou lytse jonge tolve jier is, dan helje ik him’. Nou, de frou stie earst wakker yn bistân, mar se naem it op 't lêst doch oan, hwant jild hat sa'n macht... Se krige in hiele bulte sinten en se koe har skoan rêdde. Mar de jierren gongen foarby en op 't lêst bigoun se oan it akkoart to tinken dat se mei de duvel makke hie, en de tolfte jierdei fan it jonkje kaem neijer en neijer. De deis dat er tolve waerd, wie se har rie to'n ein, hwant se wist wol, strak komt de kweade. En dy kaem.
Doe sei de duvel, as dat jonkje trije fragen biantwurdzje koe, dan wiene se frij fan 't akkoart. Doe rôp se it jonkje en se fortelde him hoe en hwat, hwant se hie it him noait fantofoaren sein.
De earste fraech fan 'e duvel oan de jonge wie: ‘Hoe djip is de sé?’ ‘In stienwerp’, sei de jonge. Twad frege de duvel him, oft er ek sizze koe, hwat hurder as hurd wie. De jonge antwurde: ‘Myn mem har hert, hwant dy hat my oan 'e duvel forkocht’. De tredde fraech wie: ‘Hwat is swieter as swiet?’ Doe sei de jonge: ‘Myn mem har boarst’. En mei wie de duvel fuort, hwant de jonge hie alle trije fragen goed biantwurde.