‘Ik sil dy helpe!’ sei de duvel
Der wenne ris in âlde jutter op it Amelân, dy wie alhiel yn 'e macht fan 'e duvel, sa slim dat de kweade sels hie der syn wille oan. It koe neat skele hwat der op it strân oankaem en hoelang't de liken yn sé lein hiene, de man helle alles der ôf hwat der ôf to heljen wie. Op in kear dat der in skip forgongen wie en der liken op it strân oanspielden, wie er wer op roof út en de duvel sels wie kommen to sjen en dy gong tsjin 'e dunen oan lizzen. Doe't de man alles stellen hie hwat der mar to stellen wie, roun er op 'e dunen oan en kaem de duvel foarby. Doe koe er it net litte en ûntstel de duvel it haloazje dat er yn 'e bûse hie. Mei it oare stellene guod bigroef er it yn 'e dunen.
De duvel fornaem al gau dat syn haloazje him ûntstellen wie en dat koe oars gjinien dien hawwe as de jutter. De oare nachts socht de man it plak wer op dêr't er it spul bidobbe hie en hy groef it wer op. En krekt doe't er it haloazje pakte, stie de duvel efter him en sei: ‘Soa, wiestou de haloazjedief. Mar ik lit my net bistelle! Dou