It is wier - hier, hier!
Earne op 'e heide wenne in frou dy woe graech fan in styfbern ôf. Hielendal efter op it hiem wie in âlde saed dy't al yn gjin jierren mear brûkt wie. Op in kear seach se, dat it bern - it wie in jonkje - oer de opmitsele rânne hong en stientsjes yn it wetter falle liet. Se pakte him ûnforhoeds fan efteren beet en smiet him mei de holle nei ûnderen yn 'e saed, dêr't er yn fordronk.
Doe't de heit thúskaem, bearde it minske dat se nearne fan wist. De hiele heide waerd ôfsocht, mar de saed prakkesearde gjinien oer. Elkenien seach de frou der op oan, dat se it bern fan kant makke hie, mar nimmen koe har hwat biwize. Doe kaem der op 'e heide in preker en dy hearde fan it gefal. Hy sei: ‘Dit is ûnkristlik. Wy meije net oardielje, God is de iennige dy't hjir in útspraek dwaen kin. Wy moatte dizze frou mar op 'e Bibel swarre litte dat se nearne fan wit, en dan meije jim der har net mear op oansjen’.
Hja kamen gear by it hûs fan dizze twa minsken - har man wie der ek by - en dêr lieten se har it forhael nochris fortelle en se forklearre foar wier en hillich dat se neat fan it jonkje syn weiwurden ôf wist. Doe leine se de Bibel foar har del; hja moast de hân der op lizze en roppe: ‘It is wier! It is wier!’ Dat rôp se sa lûd as se koe. En fuortynienen klonk der efter fan it hiem, út 'e saed wei, in echo: ‘Hier! Hier!’ De minsken seagen yn de saed en dêr founen se it lyk fan it fordronken jonkje. De frou koe har ûnskuld net mear folhâlde.