der earst noch tsjinoan roun om thús to kommen - dêr hie 'k dan wol wer op 't forhael komme kinnen - mar ik bin der winliken by delfallen en nou bin 'k hjir earst mar op dizze stien sitten gongen om hwat to bikommen. As ik nou mar in pear stikken iten krige, dan koe 'k it wol wer stouwe’. ‘Nou, ik wit hwat’, sei de bidler, ‘ik ha in healûre lyn in pakje brea krige fan in hiele golle, freonlike en meilibjende man; dat jow ik graech oan dy en dan bistou de man wer. Ik sil my joun wol rêdde, miskien dat ik noch hwat opdoch ûnderweis en oars mar net’. ‘Nou’, sei de studint, ‘as jo dat wolle, dan graech’. ‘Och ja’, sei de bidler, ‘de iene moat de oare hwat helpe yn 't libben, nou?’ De jongkeardel biet der fuort yn. Hy iet ien stik op en sei: ‘Ik fiel my al in hiel ein better’. ‘Nou, yt alles mar op, jonge! It is dy gund. Mar ik moat fierder, hwant ik moat joun op 'e tiid by myn sliepsté wêze’. De jongkeardel bitanke noch ris en sei goereis; de bidler winske him wol thús en sette de stap der yn.
De studint iet it oare brea op en wie wer sa goed by 't spul, dat er rinnendeweis thúskomme koe. Syn folk seagen forheard op, dat er dêr sa ûnforwachts foar harren stie. Syn heit moast it krekte fan 'e saek witte - dy wie ôfgryslike wiis mei him; as er skielk in titel helle, soe er de kroan fan 'e famylje wêze. ‘Hiest my mar skreaun, jonge’, sei er, ‘dan hie ik dy wol jild stjûrd’. De soan die it hiele forhael, hoe't er de gânske dei neat hawn hie en hast fan 'e saken rekke wie. ‘Mar ik hie it gelok mei’, sei er, ‘der kaem krekt in bidler foarby en dy hie in pakje mei brea krige, fan in hiele golle, freonlike en meilibjende man, sa't er sei, ien dy't altyd in goede brogge foar him klear lizzen hie, en dat hat er my jown. Dêr knapte ik tige fan op en sa bin ik thúskommen’. De heit sjocht him oan en sjocht him wer oan en freget: ‘Hoe seach dy bidler der út?’ ‘Nou, ja, syn jas skynde út in grienens, in pear ôftrape skuon hie er oan en sa'n rûge klots op 'e holle’. Syn heite eagen wurde glêzich en hy sakket fan 'e stoel ôf. De frou en de soan falle op 'e knibbels by him del en freegje hwat him skeelt, mar hy kin earst gjin wurd útbringe. Dan heart de soan him sizzen: ‘Dat brea datstou opiten haste, dêr siet forgif yn. Ik hie myn nocht fan dy bidler hjir alle wiken oan 'e doar en doe woe 'k him forjaen. Mar nou hastou dat opiten. Hoe moat dat, hoe moat dat!’ Dat binne syn lêste wurden en hy blaest de siken út.
Mem en soan stiene forbûke. Mar de studint fielde him ynienen net lekker mear. Doe fleach syn mem bûtendoar en hiet de feint: ‘Op slach nei dokter, hwant ús soan hat forgif opiten. Dokter moat gau-gau komme mei in spuidrank! Spring op 't hynder. Gau!’ De dokter wenne flak by en kaem fuort mei werom en liet de soan in spuidrank ynnimme. It wie in gelok dat it in stadich wurkjend forgif wie. Hy wie der in deimannich min oan ta, mar hy rêdde it der ôf en letter is er wer op 'e stúdzje gongen.
Mar de oare wyks wie er noch thús en doe seach de bidler, dy't syn fêste dei fan kommen hie, forheard op, dat de studint dêr by de doar kaem dy't er syn brea jown hie. ‘Ik ha jo earder sjoen’. ‘Dat ha jo ek’, sei de jongeman, ‘it wie net sa'n moaije thúskomste - ús heit is samar stoarn’. ‘Och hearken!’ sei de bidler en hy hie de triennen yn 'e eagen, ‘sa'n goeije, freonlike en meilibjende man. Och, och, och, hwat bigreatet my dat!’ De soan sei mar neat - se hiene stilhâlden hwat der krekt bard wie en dat hoegde de bidler ek net to witten. De frou kaem der ek by en dy sei ek neat, mar se joegen de bidler wer in fiks pak brea, noch mear as oars, hwant hy koe it op 't lêst ek net helpe dat de forstoarne der him forgif yn dien hie en dat er dat oan de jongeman jown hie; dat hie er út goederbêst en fan syn earmoed dien.