jonkje, mar se wist net, oft der wol genôch stof oan siet. Se bigoun dat lapke út to mjitten en se hat de hiele dei troch metten, hwant dat lapke waerd noait koarter. Hwat langer as se meat, hwat mear stof as se krige. It hiele hûs rekke fol mei dy stof en se hat har libben lang gjin earmoed mear kend; as se hwat nedich wie, hoegde se mar fan dy stof to forkeapjen.
Doe't de frou dy't de âld man ôfstegere hie dat hearde, frege se it oare minske: ‘Hwer is dy âld keardel bleaun?’ Hja sei: ‘De man is fuortgongen, dy kant op’. De frou stjûrde har man der efteroan. Hy moast tsjin 'e âld man sizze, dat er op 'e weromreis foaral by har oankomme moast. Hja soe it alderbêste foar him opdisse. En sikerwier, de âld man kaem dêr op 'e weromreis lâns en socht dy rike minsken op. Se setten him it bêste foar dat se hiene en hy bleau dêr de nacht oer. En de oare moarns, doe't er ôfstiek, sei er tsjin de frou: ‘Ik haw it sa goed by jo hawn, it earste dêr't jo fan 'e moarn mei bigjinne, dat sille jo de hiele dei dwaen kinne’. En hy naem ôfskie.
Se hiene jild yn 'e hûs lizzen en se tocht by harsels: Dêr moat ik mar mei oan 't tellen. As ik dan de hiele dei troch tel, binne wy joun skat- ende skatryk. Earst noch even nei 't húske, dan hoech ik it jildtellen net to ûnderbrekken. Hja gong sitten to pisjen en hja hat de hiele dei sitten to pisjen. Alles hwat se hiene bidoar en spielde fuort. Hja binne fierder as earme minsken troch 't libben gongen.