hwat sizze koe, wjerljochte it om 'e âld klinte en fuort wie de duvel.
Haring siet der raer oer yn en die de nachts gjin each ticht. De oare moarns joech er him al ier op in paed nei in duvelbander ûnder Suwâld. Dy sei: ‘Dou hast dit sels oproppen. Helpe kin ik dy net, mar ik ha noch ien goede rie - de duvel wie op bleate fuotten, seiste? Hjir hast in fleske mei duveldrek. Dou moatst krekt dwaen hwat ik dy siz, en de duvel komt net oer de drompel!’
Thús die de skuonmakker neat oars as hinne en wer setten, en dy nachts krige er gjin wink yn 'e eagen. Op 'e dei dat de duvel him de jouns helje soe, socht er in pear tsjûke hagedoarntûken en smarde de stikels yn mei duveldrek. Sadré't it tsjuster wie, lei er de tûken bûten de doar, flak foar de drompel. Om net hielendal gek to wurden bigoun er mar wer op in pear âlde soallen om to huffen. Klokslach tolve ûre hearde er hwat by de doar en hy waerd alderheislikste kjel doe't de duvel flokkend en swarrend de keamer yn stoude. Hy plofte oer de flier del en die syn bêst om in greate toarne út 'e bal fan 'e foet to lûken. De duvelbander hie sein, dat de duvel net oer de drompel komme koe en nou siet er by him yn 'e keamer! ‘Oanmeitsje!’ skreaude de duvel, ‘de yngong fan 'e hel is oan 'e oare kant fan de heide en ik moat jo der foar it sinneopkommen op 'e rêch hinne bringe!’ ‘O ja?’ frege Haring. ‘Hwerom dat? Hwerom komme jo allinne mar by neare nacht?’ ‘Omdat by nacht de dingen faek oars lykje as se binne. Mar oerdei binne se sa't se lykje’. ‘Ik bin klear’, sei Haring. Hy pakte syn skuonmakkersark byinoar en roun nei 't hok. ‘Hwat sil dat?’ frege de duvel. ‘Myn bok giet dêr't ik gean’, sei Haring, en makke it bist los.
Efkes letter bûkele de duvel mei Haring op 'e rêch oer de heide, de bok poatele har oan in ein tou efternei. De duvel die neat as krimmenearen - syn foet waerd hyltyd tsjûker en pinige hwat langer hwat fûler. Midden op 'e heide stroffele de duvel en Haring rôlle him fan 'e rêch. ‘Ik kin net mear’, kreunde de duvel, ‘meitsje my in skoech!’ ‘Ik ha gjin lear’, sei de skuonmakker, ‘en ik bin sels ek op bleate fuotten’. ‘Slachtsje de bok of ik set dy op it hjitste plak yn 'e hel!’ Haring slachte de bok en de duvel liet him it fel fan de fjouwer bokkepoaten oanelkoar naeije. ‘Ik ha gjin soale’. ‘Snij dan de kleijen fan 'e bok op 'e mjitte en set dy der ûnder!’ Dat die Haring en hy naeide de duvel it bokkefel om 'e foet hinne.
De duvel kroaske mei Haring op 'e rêch fierder. Mar it bokkefel bigoun to krimpen, it spande hyltyd mear. De duvel koe net mear fan 'e pine. ‘Snij it los!’ baltte er. Haring sei: ‘Ik ha myn mes lizze litten’. ‘Helje it dan as de duvel!’ sei de duvel. De skuonmakker stoude sa hurd as er koe oer de heide, hy roun oan ien stik wei op in draef nei hûs.
De duvel hat dêr lein oant de sinne opkaem. Doe wie it bokkefel sa goed fêstgroeid, dat hy is it noait wer kwyt wurden. Hy hie ommers sels sein, dat de dingen oerdei lykje sa't se binne.