Petrus en it waer
It waer hie in tiidlang skrok west en der woeks sahwat neat. Doe sei Petrus tsjin de Heare: ‘Moat dat nou altyd sa? Ik woe it waer wol ris yn 'e hannen ha’. ‘Dat kin wol’, sei de Heare. ‘Dan sille wy ris sjen hwatstou der fan makkest’.
Petrus liet it prachtich waer wurde. Myld op 'e tiid en op 'e tiid in reintsje; en oerfloedich sinneskyn, it hoegde net better. Mar it frjemde wie, it spul woe net rjocht waekse en it sette noch minder frucht. Petrus rekke der mei oan. Hy frege de Heare: ‘Hoe komt dat?’ ‘Witst hwatst forgetten hast?’ sei de Heare. Né, dat wist er net. ‘Dou hast de wyn forgetten. Ja, op 'e tiid moat it in stoarm waeije, oars wurdt it spul net bifruchte en dan draecht it net’.
Petrus wie biskamme, mar it duorre net lang, doe tocht er: Ja, nou kin 'k it ek wol. Hy sei tsjin de Heare: ‘Ik woe it oars noch wol ris bisykje’. ‘Gean dyn gong mar’, wie it antwurd. Petrus die wer tige syn bêst. Simmerdei liet er it ek al ris waeije en op 'e tiid liet er de sinne skine. En ja, der woeks ek wol hwat. Mar it wie allegear fan dat flanterige spul en de fruchten wiene net tierich genôch. Der groeiden bygelyks wol apels oan 'e beammen, mar se waerden net stevich en glânzich. Dat die him nij, dat hy frege de Heare wer: ‘Hoe komt dat?’ ‘Witste hwatst nou forgetten hast?’ antwurde de Heare. ‘Nou hast de noardewyn forgetten. Hwant de noardewyn is nedich om hwat der groeit sterk to meitsjen; om der helm yn to krijen’.