Petrus en it dwerstriedderige wiif
De apostel Petrus wie mei in boas wiif troud. It wie har min nei 't sin, dat er út en troch mei Jezus op in paed gong. Dêr forgriemde er in bulte tiid mei, yn har eagen. Hy wie op 't lêst fisker en hja kaem yn 'e húshâlding wol ris to koart. Der foelen somtiids hurde wurden; hja stjûrde him ek wol ris de Mar op to fiskjen. Op in kear dat er wer mei Jezus op en út west hie, kaem er wurch as in maits fan 'e reis thús. Hy joech him yn 'e hûs del, mar syn wiif woe him fuortendaelk to fiskjen hawwe, omdat de itensspine leech wie. Petrus hie der gjin sin oan, mar doe diek hja de skoarstien ôf, dat it bigoun yn 'e hûs to rikjen as in bokkenhang, de eagen bieten Petrus omtrint ta de holle út. Hy gong foarhûs sitten, mar de Mar op krige se him net.
Tafallich kaem Jezus dêr lâns. Dy frege: ‘Bist net nei de Mar, jonge?’ ‘Né’, sei er, ‘ik bin tó wurch’. ‘Hwerom giest dan net op bêd?’ ‘Dêr is net to forkearen, sa rikket it. Dat docht myn wiif mei sin. Siz jo my, hwat moat ik dêroan dwaen?’ Mar Jezus woe de hân net tusken beam en bast stekke. Petrus frege: ‘Hwat tinkt jo, soe it de baes net wêze en sykje in oar wiif? Ik ha skjin myn nocht’. ‘Dat soe 'k mar net dwaen’, rette Jezus him. Mar Petrus ornearre: ‘As jo my nou ris in hantsje holpen, dan koe 'k sels wol ien meitsje. En dan fansels ien nei 't sin’. Jezus sei: ‘Dat moatst altyd bisykje. Ik wol dy wol helpe’.
Petrus socht in gaedlik stik hout út en sette út alle macht fan 'e ein. Njonkenlytsen krige hy der ek skik en fatsoen oan, it like wol hwat op in frommis. Mar hy hie ien forsin makke - hy hie se út 'e dwerse trie fan 't hout snijd.
Nou, doe't er dan klear wie, sei er tsjin Jezus: ‘Mar nou moat der libben yn’. Dat koe Petrus sels net oprêdde. Wylst Jezus dêr mei dwaende wie, bigoun er al fyntsjes to gnyskjen. Hy fielde oan hwat syn apostel to wachtsjen stie. Der kaem libben yn en Petrus sette der mei ôf. Mar troch it hout dêr't se út makke wie, wie se sa dwerstriedderich wurden, der wie gjin wâl mei har to bisilen. It duorre net sa mâlle lang doe tocht er al: hie 'k myn earst wiif mar hâlden, dêr wie doch noch better by to forkearen as by dizze! Hy klampe Jezus wer oan. Dy sei: ‘Nou, dan meitsje wy dat twadde wiif wer oan kant, sa'n biswier is dat net’. Petrus krige it earste werom en hy hat der noait wer oer prakkesearre om him to foroarjen.