Doe kaem de frjemdling der wer oan en sei: ‘Kom mar en nim in sek mei!’ De skipper gong mei de sek oer de earm mei. De frjemde stapt op in great gebou dat dêr stiet ôf en hy rint samar troch de doar hinne. En de skipper stapt ek dwers troch de doar hinne efter him oan - hy wie sa forbjustere dat hy der eigentlik net goed bisleur oer hie hwat der bart. En dan rint er mei de man nei in kelder ta. De keldersflier is alhiel bidutsen mei goud- en sulverstikken. De man seit tsjin him: ‘Hjir is in skeppe. Skep de sek fol mei jild dat hjir leit, mar dan ek oan 'e kop ta fol, dat der gjin sint mear by kin! Byn him ticht en draech him hjirwei - jo krije jou part der fan’. De skipper seach him forheard oan. Hy bigriep wol dat it lang net doogde, mar hy bigoun de sek doch fol to skeppen. Mar wylst er dêrmei dwaende wie, glied der in jildstik fan 'e skeppe ôf en dat kaem skean tsjin 'e muorre op to stean. Op dat jildstik stie in krús. Doe sei de frjemdling: ‘Nou sitte wy hjir opsluten, salang't dat jildstik mei in krús der op dêr sa skean tsjin 'e muorre stiet. Der is mar ien ding dat jo en my helpe kin: jo moatte dat jildstik dêrwei krije. Ik wol jo gjin kwea dwaen, en ik sil jo myn tank biwize as jo dat dogge’. Nou wie de skipper der wis fan, dat it de duvel wie, mar likegoed gong er hinne en krige dat jildstik der wei. Op itselde stuit waerd de duvel wei troch de muorre en de skipper bleau mei de sek mei jild efter yn 'e kelder. De doarren sieten fêst en hy koe der net út komme.
Dêr sit er de hiele nacht en de oare moarns komme de minsken dy't dêr arbeidzje yn 'e kelder, fine dêr de skipper en leverje him oer oan it gerjocht. As er yn 'e gefangenis sit stapt de duvel troch de muorre hinne by him yn 'e sel en seit: ‘Jo sitte hjir nou wol, mar ha mar gjin noed - ik lit jo net yn 'e steek. As se jo hwat freegje, dan moatte jo neat oars sizze as: ‘It sil wol knipe, mar ik kom der wol út’. En dan fordwynt de duvel wer. De skipper wurdt troch it gerjocht forheard, hy komt sels op 'e pynbank torjochte en se bisykje him ta in bikentenis to bringen. Mar op alles hwat se him freegje seit er oars neat as: ‘It sil wol knipe, mar ik kom der út’. Op 't lêst wurdt er ta de dea foroardiele en wer yn 'e sel opsluten yn ôfwachting fan de eksekúsje.
De duvel wie ûnderwilens yn 'e gestalte fan 'e skipper by dy syn frou op it skip kommen. Hy praette wol mei har, mar folle wurden krige se net fan him. De oare deis sei er tsjin har: ‘Ik keapje fûken, hwant ik wol fiskje’. Dat wie de frou bêst en de man bigoun to fûkefiskjen en to poeren op iel, en it wie alderraerst hoefolle as er fong. Hy forkocht hyltyd mear fisk en it duorre net lang doe stie de frou mei in diske mei fisk op 'e merk en se fortsjinnen safolle dat se dik sinten oerhâldden. Alles hwat der fortsjinne waerd naem de man yn ûntfangst. Hy sei: ‘Ik bergje it wol op’, en de frou wist net hwer't er it biwarre. It wie har wol opfallen, dat er net mear by har slepte. Altyd hie er hwat oars. Nachts wie er warber - mei de boat gong hy der op út of hy siet to poeren, en oerdei praette er wol mei har, mar it wie net mear sa't it tofoaren west hie. Ek dêr skikte se har yn - och, har man hie 't drok, en der wiene sinten, se koene it der better fan nimme.
De jounes foar de útfiering fan it deafonnis stapt de duvel wer troch de muorre by de skipper yn 'e sel. Hy seit: ‘Jo hawwe jou wurk goed dien. Jo kinne nei hûs gean - ik nim it fan jo oer’. Dan bringt er de man bûten de gefangenis en seit: ‘Jo fine thús fûken. Ik haw de hiele tiid fiske, de fûken steane yn 't wetter. Set se tonei op itselde plak as dêr't ik se set ha; gean troch mei fiskjen en lûk jo fierder nearne hwat fan oan. En jou bileanning sit ûnder it roer yn it wetterfetsje. It sil jo goed gean. Myn wurk komt nou’. De skipper komt wer thús en syn frou wit net, dat it