Salang't der noch blêdden oan 'e beammen sitte
Der wie ris in man, dy liet in nôtmoune bouwe. Yn earsten hie er it wol efkes swier, hwant hy krige net to folle wurk, mar linkendewei kamen der mear boeren by him om de weit mealle to litten en it gong de mounder foar de wyn. It wie in goederjowsk man en hy koe gjin earmoed sjen. Hwa't by him kaem en gjin iten mear hie, krige altyd moal fan him en oars ek noch fan alles. Doe op in kear briek der in oarloch út en der kaem hongersneed yn it lân. Hy wie ûndertusken al sa folle foarútgongen, dat hy hie in pear greate moalpakhuzen njonken de moune stean en dy sieten fol. Hy sette de doarren iepen en elkenien dy't kaem krige in skep moal en sa koene gâns minsken yn 't libben bliuwe. Mar de fortsjinst stie stil; de boeren hiene neat mear om mealle to litten en hy kaem djip yn 'e skulden to sitten.
Doe kaem it safier, dat der bislach op al syn bisittingen lein waerd en se soene forkocht wurde. Dêr siet er tige oer yn en doe op in joune waerde der op 'e doar kloppe en der stie in man foar mei in sekje ûnder 'e earm. ‘Wolle jo dit foar my mealle?’ frege er. ‘Ik sil 't wol foar jo mealle’, sei de mounder, mar hy tocht, dit iene sekje jowt my ek neat, en hy fortelde hoe't it der foar stie. De man sei: ‘Nou, dat is slim, mar it hoecht sa net. Hoe great is jou skuld?’ Doe't de mounder it bidrach neamd hie, sei er: ‘Jo kinne dat jild wol fan my krije, mar der is ien bitingst by. It duorret net sa mâlle lang mear, dan is de oarloch ôfroun en dan moatte jo my it jild werombitelje, foardat yn dat jier de blêdden fan 'e beammen falle’. De mounder krige wer hwat hoop, hy wie goed fan bitrouwen en hy ornearre, as de oarloch ôfroun is, krij ik wer wurk genôch en dan win ik dit bidrach wol oer. Dat it akkoart gong oan.
It kaem sa't de frjemdling sein hie. De oarloch wie yn 't foarjier ôfroun en de moune mealde wer, mar it die bliken dat er doch net genôch fortsjinne om it jild dat er ûnder syn spul krige hie opbringe to kinnen. It wie op in joune yn 'e neisimmer dat der op 'e doar kloppe waerd en dêr stie de man dy't him it jild liend hie wer foar him. ‘Hoe stiet it mei it jild?’ ‘Ik ha it noch net bymekoar’, sei de mounder, ‘mar jo komme ek to gau, hwant de blêdden binne noch net fan 'e beammen’.
Mar it waerd hjerst en der foelen hyltyd mear blêdden fan 'e beammen. De man